Skjolden - Reisverslag uit Bergen, Noorwegen van Martsen Bij - WaarBenJij.nu Skjolden - Reisverslag uit Bergen, Noorwegen van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

Skjolden

Blijf op de hoogte en volg Martsen

02 September 2012 | Noorwegen, Bergen

Noardkaap

Sa.. dat is ek alwer in moai skoft lyn! Koe it hjir suver wol drok ha sa op it en run it skip.
Sa drok dat ik eins net iens sa goed mear wit wat ik allegear meimakke ha.
Oja, sukerfeest wie foarige wike, einde fan de rammadan. Ik mat sizze dat ik bliid wie dat de ramadan oerwie, want us collega Asep wie sa sloom en ' grumpy' as it mar koe. Wol hienen we tiidens de ramadan it gelok dat we dankzij Asep midden yn de nacht fanut de kroech noch mei ite koenen. Net dat je my no sa lokkich meitsje mei indonesisch iten. Mar de kroepoek en fruit die it wol goed. Altyd wol even gesellich om nei de tiid noch even der te sitten. Mar it is ek wol in utkomst dat it wer foarby is. It sukerfeest stelde wat my betreft net safolle foar. Wy hienen ek mei iten en se ha ien oft oare djoere fruitsoart wat der allinich mar groeit ek ergens yn in soart punch ferwerkt.
Saskia en ik hienen it al s hearder probearre, mar it is sulk nuver smoarch spul! Ik wit de namme ek net mear precies, iets mei in D leau ik. Zwangere froulje en bern mei it net iens ite. Neffens my is de fruit gewoan oer datum en sit dr gewoan alcohol yn ofsa.
Mar der hienen se dus no in fruitpunch fan makke. Dy indos dy slurpten it foart as in lekkerneidsje en ik en Saskia sieten dr mei vieze gesichten nei te sjen. De dei nei it sukerfeest hienen we crewparty. Eddy in freon fan us fan de Art gallery soe DJ wese, want dat wie dy 3 jier lang west op skepen. Mar helaas woe de HR ieniens dat it wer deselfde DJ wie dy it altyd docht. En dy draait allinich mar Trance. En ferskes oanfregje is not done. Dat wie dan wol wer jammer, mar hoe dan ek, we ha us aardich fermakke. It wie wer yn de laundry department op it allerleegste dek. Wer it plafon nogal leeg is en totaal gjin airco ofsa. Op 1 fjouwerkante meter nei. No der ha ik dan ek sa wat de hele jun stoen mei fjouwer man haha. Mar we ha us best fermakke. Dernei kryg in pianist noch oan de stok mei Saskia. En werd dy gast meinaam troch de security. Secuirity fertelde my dat se m hienen ontslein at it crew wie. Mar hy skynde gastartiest te wesen en dat kin dan blykbar net. Leau dat dr undertusken wol syn excuses oan saskia had bean. Dat is dan wol wer netsjes. Dernei ha we noch nei sitten by de shopmanager mei ik wit net hoefolle minsken yn syn hut. Neffens my stun de musyk ek fjisten te hurd, mar dr is net ien lans west om us dr wei te stjoeren, mar de secuirity hie it fest drok mei dy oare jongen. It wie dan ek moai let en de oare dei moest ik wer op tour. No datwie al wat ferfelend. En dan ek noch in stel dy tsjin my sitte te seiken dat se foaryn sitte woenen omdat syn frou oars misselijk werd.ik tocht by myself, mast s witte hoe ik my no fjil! Ik bluiwn natuuuuurlijk hartstikke freondelijk en koe helaas niks foar se dwan omdat dy plakken al reserveerd wienen troch minsken mei in handicap. Dus de man begon te dreigen dat syn frou dan warskynlijk wol oerjaan soe. No se hat it moai ynhalde kinnen, want it foel hartstikke mei. Ik deryn tsjin ha my ek knap ynhalde matten achter yn de bus. Ik wie bliid dat we sa no en dan wer even frisse lucht happe koenen. EN noch bliider dat we wer werom by it skip wienen! Ik bin hurd gean douchen en yn bed kroept. Fjirder bin we fansels wer by de Noardkaap west dizze wike. Wer wie it prachtich en dit kear ek in stik helderder! We ha moai wat leuke fotos makke.
Sa ik sjoch dat ik dus wat oan it typen wie en it gewoan net ofmakke ha;) Undertusken sitte we alwer op in oare cruise. We bin foar it earst yn skotlan west.. EN ik seach dr best wol nnei ut. Mar ik mat sizze ik bin dr ek wer snel fan genezen. Wat in klotenwaar der sis. En dan al dy griize gebouwen oeral yn de rein.. It makket je dr net folle frolijker op.. Shetlan wie hielendal erg. Ik hearde selfs tiides de tour een nederlander sizzen dat ze hjir absoluut net wenje woe, sa ferskrikkelijk funen se it der. Mar it is ek gewoan in eilan mei hielendal niks.. Hiele soart gers ponies en skiep en hurde wyn en it huske hjir en der. Snap net hoe dy minsken it der folhalde, want winkelje sit dr no ek nnet echt yn der. Ik hie op in gegeven momint de shoppincentre fun. No ik wist net wat ik seach. It wienen allegear soarte mei lytse loadskes dy oan elkoar ferbun wienen, wertroch je fan de boardtesguodsaak yn de drogisterij kamen... En wer ien oft snusterig kappersaakje en wat twaddehansklean guod.. It wie suver nuver. Dus dernei wer oerstekke, hurde wyn wynkracht 9 oant 10...dus de boat gong wyld hinne en wer. Lokkich dizze kear net seesiik, mardat wie de earste seedei nei engelan wol oars. Net folle oan dan.
en je wurde supersloom der fan. Yn alesund ha we wer in moai feestje han, want we hienen overnight yn Alesund. En we ha net sa faak overnight, want meestal sitte we juns op see. Mar we koenen no moai der even of. En we wienen mei in hele soart crew yn ien oft oare club. Wer we fansels wer in fermogen betellen foar us drankjes. Dus dizze kear hienen we vodka mei naam en kochten de cola der.. Skeelt nogal wat! Toen we dernei wer op it skip oankamen frege ik oan de security of ik miskyn ek op de bagage ban mocht dy by de yngang stun. Dermei checke se alle bagage op drugs of wapens mei san rontgenapparaat. Natuurlijk sei de security yn earste ynstansje dat dat absoluut net mocht.. hahaha Mar wy jouwe net sammar op.. Saskia en ik seagen m twyfeljen en ja hear. Ik mocht dan wol op de ban lizzen gean.. Dus ik doekte op de ban en de rolban luts my nei de oare kant fan it apparaat... Saskia en ik moesten sa hurd leitsje dat ik de trinnen yn myn eagen hie.. No mochten we fanselsek noch op itapparaat sjen foar de foto... No dat is moai nuver! Jeself sa sjen en je botten en alles sjen kinne. Erg leuk...
Hjoed bin we yn Skjolden.. Wie ik noch net earder west, mar dat hindert niks want dr is hjir ekhielendal niks...
Fjirder ha ik eins weinig nijs... Oars meldt ik it fansels wol wer!

Mats

  • 04 September 2012 - 02:08

    Jinny:

    hey martsen, leuk verhaal wer en hie san nocht oan om op dot eiland in schotlan te zitten, zonder winkelstrutte enz lekker even niks dan maar zitten bij een houtkachel hhmmm rustt, dr bin ik no heel erg oan ta, die kut skoale is no hast klear hoop ik en don gean we drok oant ferbouwen , we ha een wenark huurt foar een jier wer we don sallang wenje kinne ideaal en helemaal harmjan sien din fansels op het wetter..
    hjir fjider olles best leuk jubeleum feesje han we wienen net sa let thus want harmjan moest de oare deis wer fertrekke nei zee .ha no nachttjinsten tot donderdag dus oerdeis wot sliepe en nachts mei skoale bezig , genietse dere en mooie dingen meimeitsje dikke tututut

  • 05 September 2012 - 12:47

    Mats:

    Ja ast t sa bringst is t wol ferekte noflik ja! Oeh dus hast klear! En jim ha ek al in arkje fun yn heerenveen? Smoek san arkje.. Mar noch ff troch sette mei dyn studie, niks oan mar ast t ien kear hast is t t fansels allegear wurg! Mar jim gean in jier lang ferbouwen. Dan komt dr wol wat los der! Bin beneid! At ik thus kom kom ik fansels ff by y del om in bakje! Dikke tut!

  • 05 September 2012 - 13:14

    Annie:

    Haha, ek wer krekt wat, om sa'n rontgenapparaat!

  • 11 September 2012 - 10:30

    Tamme En Lutske:

    Hoi Martsen,
    In skoft neat fan ús hearre litten mar wy ha dik 7 wiken mei de boat fuort west, do belibbest ek de gekste dingen no wer dat röngenapparaat hoe betinkst it.
    Hast de langste tiid nei 't hege Noarden hast hân tink en dan op nei 't súden?
    Oan't de oare keer

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Noorwegen, Bergen

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 281
Totaal aantal bezoekers 32766

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: