it suden! - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu it suden! - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

it suden!

Blijf op de hoogte en volg Martsen

13 Oktober 2012 | Portugal, Lissabon

No goeie... dat is alwer in moai skoft lyn. Blykbar koe ik t even net opbringe om wat op papier te setten. Net dat ik it no sa smoordrok hie de leste wiken. Want ik mei namelijk net mear op tours oerdei. In lyts akkefytsje mei de manager fan shore excursions han.
Fanof it begjin mei se my net lije, fregje my net werom, want ik bin fansels delightfull! Mar hoe dan ek, krek as Juffrouw Fokje froeger op de basisskoalle,mei dizze frou my ek net. Irene is in dutse fan run de 47 en se koe ek sammar yn de tiidmaschine stapt wese, want it is krek in SS'er hoe se har wurknimmers behandeld. Foarhinne hienen we mikael, en dat wie de rust selfe. Ik hoegde niks te dwan, behalve de minsken telle yn de bus en dat wie it. Sunt Irene der is is it bewind wat feroare. We matte in heal oere fan te foaren stean wachtsjen by de bus mei in boadsje dyst fest halde mast, wer it nummer fan de tour op stiet. It werd my al snel dudelijk dat dr hiel wat feroare wie sunt sy dr wienen. Ik seach dat se har wurknimmers gewoan by de earm pakte en mei sleurde om ergens oars te gean stean. Net echt in leuke manier fan managen. Ik hie har al aardich sjitten en ik hearde ek wol dat dr tsjintwurdich hiel goed troch it hele excursie team op my letten werd en dat dan troch ferteld werd oan har. No dan fjil je je ek wol op je gemak tiidens in tour. Mar klear,... ik hald myn fatsoen en ik knik ja of nee wannear dit fan my ferwacht werd. EK al tocht ik hiel wat oars! Hie al fan mear minsken heart dat se moeite hienen mei dit management. Uteindelijk wie it trije wiken lyn dat ik op in tour yn mallorca mei soe. Ik hie per ungelok myn camera oan stean litten de nacht dus ik moest noch in oare accus ophelje fan boppe. Ik wie dertroch 10 min let, mar noch rom op tiid foar de tour. 20 min foardat daadwerkelijk de tour fertrekke soe. Ik run nei beneden en seach der in excort stean (sa nimme we dat at in crewmember mei giet om de tour te exorten) Kiwi fan de casino stun der mei boadsje twa. En ik wie trije. Dus Kiwi frege my of ik der woe stean mei myn boadsje. EN of ik eltsenien nei buten woe stjoere. Dit die ik ferfolgens.. ALle minksen mei de stickers 2 op hun boast stjoerde ik keurig nei buten. Toen seach ik dat numer trije dr ek al oan kaam. dat wie myn groep. Ik seach myn bus net, dus tochtfoar de wissichheid fersamelje ik se earst wol by my. Ik tocht noch by myself, dan meitsje ik fest nochwol pluspunten.. No dat hie ik moai mis. Ik seach gjin numer twa mear en sei tsjin myn groep dat we nei buten koenen. Der stun dy alde dutser al.. Ik hie net iens sjoen dat it fjoer har yn de eagen stun. Pas toen se tsjin de minsken sei dat se nei de bus koenen sei se tsjin my; and you stay here!!! No toen wist ik wol hoe let it wie. Ik hie it best ferbruid. Se sei dat ik te let wie en werom ik net nei har orders lustere hie. Ik besocht it ut te lizzen, mar dy kans kryg ik nnet iens. By my gong sa langsamerhan myn bloed ek wat sneller te pompen troch de manier hoe se my der stun ut te kafferjen. Toen se der boppe op ek noch sei; whats wrong with you!! Toen hie ik myn nocht ek. Ik bluiwn rustich, mar sei dat se wol even op in normale manier tsjin my prate mocht. NO hiest har toen sjen matten. As of ik tsjin de dictator self sei dat se even in bytsje ofkoele moest! Har eagen fleinen no sa wat letterlijk yn bran, koe dudelijk sjen dat se net went wie tsjinspraak te krijen. Har man is ek net foar niks de assistent manager en sy de manager tocht ik noch by myself. Se skreeuwde werom dat se net normaal tsjin my hoefde te praten. Ferfolgens wie it even stil en hearde ik har opiens hiel koel wat mompeljen. Youre not going on any tours anymore.. Ik tocht dat ik it ferkeard heart hie, want sa raar hie ik net dien. Ik hiegewoan frege at se ek op in normale toan prate koe. Dus ik frege noch in kear wat se sei.. Dit kear iets luder, mar noch steads binnenmonds... Youre not going on any tours anymore, you can tell your manager that. Waaaaaaaaaat in Kuuuuuuuuuhhhhhhh.%W$%@$&tttt wiif tocht ik by myself. De trinnen sjoenen ny hast yn de eagen sa fjilde ik my op myn tjennen trapt. Mar it koe my niks ferekke, ik gong op tour, of se it no woe of net. Doe't ik werom kaam ha ik george myn manager fuort belle. Ik wist wol dat ik net bang foar him hoefde te wesen. Eltsenien wit wol hoe sy binne.. Ik hoefde fan him gjin excuus oan te bieden want hy soe de tours wol dwan of Daria syn freondin. Want dit management gong toch fuort oer trije wiken. Hy hie har noch wat mailt en it ienige wat se sein hie wie I would apriciate it that she is not going on any tours anymore. Gjin reden of niks. No wie dy der ek net echt, dat skeelt. George fun it allegear wol best en dy is no op de tours mei. Mar se jouwe us ek net mear elke dei in tour. Nuver mar klear... No ja lang ferhaal oer dat, mar dat jouwt oan dat ik de leste wiken dus oerdei san bytsje frij bin. Wat uteindelijk net iens sa ferkeard is. Ik ha dan ek hiel wat ofwinkele en my best fermakke. Fjirder ha we sunt we nei it suden fare in soart deade minsken oan board. Se falle hjir mei boskjes del. Disse cruise ha we al twa deaden. Gebeurd faak op seedagen dat je dan ieniens ien omroppen hearren Brightstar.. wat dus besjut dat der ien san bytsje op stjerrren leit. Raar idee at dr ien dea giet op it skip. Faak ha wy der noch fotos fan makke. It lichaam wurdt ferfolgens koelt wer de bloemist alle blommen ek bewarret. It liket my ferskrikkelijk foar de familie dy dan op it skip is en net fan it skip of kin om nei hun familieleden te gean. Je matte earst wachtsje oant de folgende haven. En der wurdt dan ferfolgens it lyk yn de kist nei buten brocht oer it selfde gangpaad as de passagiers. Saskia sei dat dr in hiele soart passagiers self sa unbeskoft binne om der fotos fan te meitsjen, wylst de man of de frou der gewoan nest rint. Dat snap je net..
No frolijke underwerpen ist net?? haha. Ik ha natuurlijk ek leuke dingen dien.. Sa bin ik nei Rome west en Barcelona twa kear. Ibiza wie trouwens ek erg leuk en in pear moaie spaanse steden, werunder Cartagena, Almeria, Cadiz en Gibraltar, al falt dy under engelan. Folgende cruise kry we in nije fotografe, in sloveens famke, noja frou. se is 35. en wurd us swart wyt fotograaf manager. Wer ik om eerlijk te wesen net sa kapotfan bin. Mar wa wit, ik jou him fansels foardeel fan de twyfel.. (mei ik dat sa yn it frys fertale???)
Ik sil derneist warskynlijk folgende cruise ek as fotograaf oan de gang. al fyn ik dat wol leuk. Dan kin ik der mear fan leare. Ik nim de fotocamera fan Daria oer sadat ik dan fotos kin nimme.
No fjirder weinich nijs, ik ha it noch nei myn sin, mar ik mis eltsenien wol. Stom dat je no ek in soart oer je familie en freonen drome en eins bijna helemaal net oer it skip.
No ik sil oan it wurk wer! Ha jun noch in feestje fan it ofskie fan george en daria, dy sil ik toch wol misse.

oant oare kear mar weer!

  • 13 Oktober 2012 - 21:26

    Elske:

    Jeutje Marsie!

    Wat een verhaal, nou wat een raar frommes sis! Us leafe Mats.
    Ja Spanje leuk nou! Ik bin ek in Cartagena west. Bernard woonde daar in de buurt. Prachtig daar met het Romeinse theater midden in het stadje.

    Vandaag hebben de dames geroeid in Amsterdam maar wat een slecht weer. Ben ook niet wezen kijken.

    Succes daar nog even en voor je het weet is het half december en ben je heerlijk eventjes hier!

    Tuuuuut fan us

  • 14 Oktober 2012 - 09:39

    Jehanne:

    Hey Martsen,

    Moai dast sa'n erfaring ek wer fan dy ôfskriuwe kinst, ik hoop dat it helpt!
    Fierders noch in soad súkses en bedankt foar dyn moaie ferhalen!


    Groeten!

  • 14 Oktober 2012 - 12:41

    Annie:

    Heey Mats!

    Ah,das net leuk dat je sa behandele wurde! Pff, noja, gelokkich is it sa wat oplost.
    Wat hast dan alwer in soad sjoen! En it is der fast moaier waar as hjir!

    Juster wie de roeiwedstryd yn A'dam wat oanpast omdat der in grut cruiseskip lei, wat wer fuort moest. Wat in ding! Roeie je der mei de boatsje by langs!

    Wie aardich reinerich waar underweis, mar we binne wer moai fuort west!

    No succes der noch!

    xxx Annie

  • 14 Oktober 2012 - 18:49

    Mem :

    Hoi Marts

    Ik sjoch dat it bij dei nog net feroare is, it minske is nog net fan board, mar se hat de langste tied oan board west, komt ik wol wer goed, do bist Marts, die har net op e kop sitte lit.
    Mooi dat we wer in reis ferslag fan dei krije, wie indeed wol wer efen lien.
    We winskje dei mar wer in goeie reis ta.

    Gr En een dikke tut ut Terherne

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Portugal, Lissabon

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 349
Totaal aantal bezoekers 32735

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: