caribieen - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu caribieen - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

caribieen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

09 Februari 2013 | Portugal, Lissabon

Aruba, Jamaica oeeehh I wanna take ya!

Sa as de mannen fan the Beachboys al s songen, bin ik no ek yn ' paradise' west.
Net sasear Jamaica mar wol: Azoren, St Lucia, St Maarten, Trinidad, Curacao, Aruba, Bonaire, Tortola en oer in lytse wike wer yn Madeira. Ik mat saise, dit is fierwei de moaiste cruise dy ik oant no ta makke ha. Ok, we ha dan wol erg folle seedagen, mar dat is sa no en dan ek wol wer even lekker. Kin je wer wat bijkomme, want ik bin wol in soart oan it wurk west at we yn port leinen. Mar lokkich hie ik middeis faak ek noch wol ff wat frije tiid.
Ik wit de eerste haven in de caribieen noch goed. Ik kaam ut bed en soe op tour. Normaal is it altyd aardich strikt mei de tours, dan mat ik san boardsje fest halde mei it numer fan de tour der op. Mar ik hoefde my net iens earst boppe te melden ik koe fuort nei de pier ta. Hoe fjirder ik de pier op run, hoe luder de caribische musyk werd. Ik mat sizze, je falle ongelooflijk snel yn dit caribische cultuurke. It foel my fuort op dat de tourguides foooollle relaxter binne dan wer ek mar wer ik west bin! Ik tink dit bin myn minksen wol wat! Se leitsje hjir fooolllle mear en sitte te grappen mei elkoar. Ik fjilde my fuort aardich thus. Nei 6 dagen op see wie dit sear welkom. Ik hoefde eins niks te dwan, dan allinich mar te filmjen. We gongen op in soart catamaran wer ik helemaal blij fan werd. EN de musyk gong goed hurd oan en der werd rumpunch serveerd. Kortom heeeerlijk, even fjilde ik as of ik op fakansje wie! De minsken binne erg friendelijk en meie minsken graach wat pleagje. Mar passagiers funen it prachtich. It is allegear wat minder stiif as yn europa. YnTortola seach ik foar it earst Pelikanen yn it wyld. Dy bisten duke wol sa onefficient it wetter yn at se in fisk besykje te pakken. Normaal sjoch je fugels hun fleugels op it leste moment yn dwan, sadat se knap duke kinne om dy fisk te pakken. Mar dizze fugels fleine mei in rotgang rjocht nei beneden en spreide hun fleugels yn plak fan se yn te klappen. En dan hear je wer in klap en dan komme se wer boppe. Wol leuk om nei te sjen. Tortola is mar erg lyts, mar ik fun it wol in moai eilan. It is prachtich grien hielendal net droech. It is brits, dus je kin gewoan engels prate. Allinich it stedsje wer wy wienen wie wol wat in puinhoop. En wat bin ik dy dei knap ferbrand! Dat gebeurd je lokkich ek mar ien kear, no giet it knap.
De folgende dei wienen we yn St maarten, ik tink ien fan de moaiste eilannen wer ik west bin. Tenminste philipsburg is in erg leuk gesellich stedsje mei in soart winkeltjes en leuke restaurantsjes. St maarten bestiid ut in franse kant en nederlandse kant.
St maarten hat net echt hege bergen, lekker overzichtelijk en is ek moai grien. See is der super helder en blauw. St maarten mei dan wol Nederlands wese, mar toch prate se der gruttendiels gewoan engels. Wat ik dan sjoen ha tenminste.
Dei dernei wienen we yn St Lucia.. De sted wie werkelijk ferskrikkelijk! Wat in alde bende en rotsooi. Mar it eilan self wie dan wol wer hartstikke moai! Ik ha it foardiel dat ik altyd op tour gean sadat ik net allinich de sted sjoch. Yn de sted ha se fan elk krot besocht in soart winkeltje fan te meitsjen of heal feruske kraampke. En der bin ek echt in hele soart minsken op strjitte. Mar sadra je it eilan fjirder yn gean is it wer prachtich. Ek wer moai grien en soart oerwoud, dit kear binne de bergen wol wat heger.
Dernei wienen we op Bonaire. Ik wit noch dat ik op TV oait s wat sjoen hie fan Bonaire, iets oer dat Henny Huisman syn hus der hie. En toen tocht ik noch, werom soenen je hjir je hus ha wolle, want it is ien grutte kealwe bende. Marrrr ik mat sizze, Bonaire hat echt wol sa syn bysunderheden wat je nergens tsjin komme. Sa ha se yn Bonaire fan dy saltplantages, werfan it seewetter helemaal rose is! Ik leaude it net oant dat ik it self seach. It is echt roze en dat wie ek de earste kear dat ik flamingos yn it wylt seach. In hele soart komme nei Bonaire ta om der te brieden. Se binne op Bonaire it aller roset omdat se der de garnalen ut it wetter fiskje yn dat rose wetter. Bin wol apparte bisten, want ik woe der in pear filmje. Mar sadra ik de auto ut kaam, runen sy langsam richting in boskje wer se mei syn allen achter stean gongen, sadat ik se net filmje koe. Apparte bisten. Dy middeis bin ik tegeare mei myn collega in stran op west. Prachtich moai stran ek wer. Der kamen we in hele soart oare crew tsjin. De band fan it skip wie der en de strijkkwartet,no ja 50 procent der fan wie der ek. Erg gesellich mat ik sizze en sa kleur je wer moai wat by. Oer as 4 gongen we mei syn allen wer werom nei it skip, want de mannen hienen repetitie om 5 oere. En toen kaam Aruba... Ik mat earlik sizze dat ik dit net sa fun. It is hiellll toeristisch en op ien of oare manier moest ik ek telkens oan Natalie holloway tinke haha. Fan oh dat wie it casino wer se wie en dat wie dan fest it stran wer se foar it lest west hat. Al ha se wit ik hoe folle strannen der haha. Mar it is gewoan in luguber idee. Al bin ik helemaal net benauwd, mar it docht je der wol faak oan tinken. Wol bin we der even moai op stap west, al wie dat mar fan korte duur. Myn manager Spencer (dy ek wol fan feestjes hald) hie my en him lokkich fry jun dy jun. Oerdei wie ik dan wol oan it wurk west, mar hy wist ek dat ik der graach of woe yn de juntiid. Dus wy tochten we dogge earst ff pear drankjes yn de kroech oan board en dan sjogge we der wol wer eltsenien hinne giet. Der kin je dus ek te lang mei wachtsje...
Wy gongen om 11.30 fuort ofsa en foardat wy eindelijk ergens leuk wienen wie it ek al 12 oere. En om 1 oere wie it feest der dus al ofrun hahaha. No ja ik fun it ek net saaa slim. Want ik moest de oare dei ferekte betiid wer op tour. Nei twa dagen Aruba wie it tiid foar Curacao. Curacao is ek erggg moai! Willemstad is ek echt in plaatsje, moaie gebouwen, moaie kleuren. Levendig op strjitte. Ik wie smoarns op tour west nei in slavenmuseum. It wie it alde landhus fan ien fan de slavendrijvers wer se dingen tentoonstelt hienen. It wie best wol hiel luchtich allegear wat wy sjoen ha. It wie foarnamelijk de manier hoe de slaven leefden op de plantages der. Wat foar musyk se makten, wat foar ferskes se sjongden under bepaalde werksamheden. Hiel interessant!
Dernei bin ik dus de sted even yn west en wat fotos makke ensa. Noch even op terras sitten no wat wol je noch mear:)
En toen kaam trinidad, ik ha it neffens my noch noait sa hyt han! Ik kaam buten en de hitte klapt dy yn it gesicht. Tiidens de tour gongen we lans in botanische tun. No it sil wol prachtich west wese, want de gasten hienen it hielendal nei hun sin. En probearre my ek enthousiast te meitsjen oer wat blomkes en takjes. Ik wie noch in bytsje min fan de crewparty de jun derfoar en boppedat hie ik it idee dat ik der letterlijk siet te ferdampen. Gjin skaat gjin wyn allinich mar in hele hite sinne..
Ik wie bliid doe we wer yn de bus siten mei airco. Dernei gongen we nei in show ta mei lokale dans en musyk. Dat wie werkelijk geweldich, wat in energie ha dy minsken! En de lokale Anneke Douma wie der ek. Echt precies har! Se wie dan wol net blank en blond, mar se hie precies deselfde manier fan sjongen en entertainen. Praten mei de minsken en it goedkeape orkestbandsje op de achtergrun dy yn it niet ferdween sadra se har mule iepen luts. Ik moest dernei eins de sted noch yn om dat te filmjen. Mar ik koe it net opbringe, it wie fjisten te hyt en der stun al hielendal gjin suchtje wyn en it wie der sa drok mei ferkear. Net echt in plak nei myn hert. Ha middeis even wat bykoest en juns noch wer even wurke. Juster hienen we Barbados, no dat is ek echt wol paradise. Ek wer super freondelijke minsken en prachtige omgeving fan stranen en natuur.
En it wie suver in ferassing want doe ik werom kaam fan myn tour seach ik allegear crew nei buten rinnen ut it skip wei. Dus ik frege wer se hinne gongen. En se gongen op schildpadden tour. Swimme mei schildpadden. Ik bin werom flein nei myn hut en ha my omklaaid en dr achteroan draaft sadat ik noch mei koe. We gongen op in grutte catamaran de see op, yn it midden fan de catamaran hienen se in bar en foaryn it skip hienen se fan dy netten wer je op lisse koenen. Echt prachtich om der sa s run te farren. Ien fan de mannen gong it wetter yn en strooide der mei wat fisk. Fanof de boat koenen wy de schildpadden swemmen sjen richting de man. En se wienen behoorlijk grut! It wienen sulke skildpadden dy je ek yn finding nemo sjogge. We krigen snorkels en gongen it wetter yn. Se swemme under je troch en je kin se gewoan oanreitsje.
Moaie ervaring!

  • 09 Februari 2013 - 14:22

    Hessel:

    prachtich forhaal marts ,geweldich hwat sjochst dou dochs in soad moaie dingen soms bin ik wol ris in bytsje jaloers op dy

  • 09 Februari 2013 - 14:34

    Mem:

    Eindelijk wer in reis ferslag.
    Sa mooi wast allegearre sjochst, en al die ferskillende minsken, mei hun gewoontes, machtig.
    Ek de beesten diest underweis sjochst, dat soe Heit ek wol mooi fiene tink ik.
    Swemme mei skildpadden, wie wol dat no net. Ot je wekker wurre samar wer ien in oar lan of sted weaze.
    We wachtsje fol sponning op dien nije ferhalen.
    Mat mar net meer sa lang duorje[dien ferhalen]
    Tut fan us

  • 09 Februari 2013 - 15:07

    Jehanne:

    Goh, wat moai allegear, foaral dy skildpadden! Dy ha we hjir yn de Poel net!

  • 17 Februari 2013 - 12:33

    Annie:

    Jeetje Mats, hie dit ferhaal ek noch even lezen, mar wat sjochst it soad he!
    Al dy ferskillende lannen.. Der binne net in soad dy't safolle fan de wereld sjogge!
    Echt super!

    xxx

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Portugal, Lissabon

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 555
Totaal aantal bezoekers 32726

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: