kryst cruise - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu kryst cruise - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

kryst cruise

Blijf op de hoogte en volg Martsen

09 Februari 2013 | Portugal, Lissabon

Canarische eilannen

Kom ik der krek achter dak ek noch altyd in alde weblog hie fan de caribien dy ik dus blykbar noait plaatst ha. No ja ik tocht it wurd wol wer s tiid foar in nijen ien.
Sa at de meesten fan jim warskynlijk wol witte, bin ik dik twa wiken thus west begjin december. Dat wie ek wol appart mat ik sizze! Ik wie hiel bliid eltsenien wer te sjen. En sa fertrouwd dat je dan ek wer gau mei elkoar binne. Je binne hiel bliid ien te sjen mar fiif minuten letter is it krek ofdat je juster noch mei dygene praten ha. Wol fun ik it lestich om te aarden wer! Hat my tink ik wol dikke wike kosse foardat ik my wer wat thus fjilde. Stom is dat, want je hoef fjirder niks en je bin fansels ek net yn je eigen hus. Mar ik wie aardich unwennig fan it skip. Mar nei in wike wie it allegear alwer in stik normaler ensa. Toch wie ik ek wol wer bliid om 22e fan december wer nei it skip te gean. Ik stapte wer oan board en selfs de security wie wer bliid om my te sjen. Dy stean by de yngang fan it skip. En dernei je freonen ensa wer sjen, it is allegear wol appart besef ik my dan. Dat oan board leven fan in skip. Wie selfs bliid myn collega's wer te sjen en Polona sei dat se koe merke dat ik wer stikje nije frisse energie mei my mei naam hie. En sa fjilde ik dat self eins ek wol. Ik wie super frolijk en dan kin je der wer even tsjin oan. En dan de kryst en ald en nij fiere op it skip. Ek wol bysunder.
Je wurde al gau yn de krystsfeer lutsen hjir op it skip. Is oeral prachtich fersierd en binne allegear dingen organiseerd foar crew en passagiers. It is in hele soart mei elkoar en dat is wol erg leuk. Sa hienen we mei kryst de krystkoren fan it skip. Dus crew moest dan foar it skip sjongen en 1e krystdei hienen we in 4 gangen dineer foar al de crew. Wyn der by ensa, der ha we ek moai ff sitten. Spencer fun dat we de gallery mar moai ticht moesten litte haha. Ik wie it der seker ek wol mei iens! Mar goed ek want ik hie de reade blosjes aardich op de wangen fan al dat wyn! Neffens my wy allegear wol wat.
Dernei bin we de kroech oan board yn dukt, mar strontlet ist net iens wurden haha.
Mar de krysttiid wie moai. Sa bin we yn Madeira juns der of west, der hienen we in overnight. Madeira is al in moai eilan op sich, mar it wie der sa prachtich ferljochte oeral! Noch noait sulk iets sa sjoen, en der hienen se midden yn it park ek allegear leuke standsjes wer je alegear lokale dingen koenen pruiwe en drankjes ensa. EN natuurlijk live musyk. No der bin ik even oan it beren west mei wat lokals, ha ik ek wol wer lake.
Leuk om minksen fan alles wiis te meitsjen haha.
Tenerife... en der wie ikopholden mei skruiwen.. Ondertusken sit ik alwer hast yn Maleisie. Mar ik kin natuurlijk noch wol wat dingen werom helje.
Tenerife hienen we ek in overnight twa kear. Juns gong ik tenerife even yn, mar dat wie wol erg saai. We gongen nei in bar mei terras ta en hienen der tink ik wol in stik of 10 bier mei elkoar opdronken. Dernei gongen we binnen sitten omdat it dochs wol kald wie. Doe ik frege of we alles ofrekkenje mochten hoefde ik mar iets fan 12 euro te beteljen. Ik tink dit doogt net! Mar hup betelje en we bin fuort gong. It bontsje noch s even besjoen, mar se hienen alles fan wat we buten dronken hienen net meirekkene. No ja dat funen wy net sa slim.
De oare dei hienen we ald en nij, net echt een jun wer ik goeie herinneringen oan hie. Ik moest namelijk de hele jun wurkje en myn nije baas fun it in goed idee om my dan ek de hele jun yn de foto studio te setten. Ik kryg fan myn collega Nick noch even in bijleske fotos meitsje, want dy studios wienen oars dan ik normaal went wie. Ik hie wol aardige fotos makke, mar it probleem wie dat ik de helt fan de tiid gefrustreerd op myn klok seach sadat de tiid wat sneller gean soe. Want it wie hielendal net drok yn de studio, alle minsken wienen of oan wal of boven yn it skip. Undertusken wist ik dat myn freonen allegear de wal op wienen, mar se hienen beloofd werom te wesen foar 12en.
Om healwei 11en realiseerd ik my opiens dat it yn NL al healwei 12en wie! Ik tink no mei ik earst hurt rap hun wol s even belje. Dus ik Ilse earst ff belje wer ik hele gesprekken mei hie en dernei Heit en Mem en dat wie san bytsje om 12 oere NLse tiid.
Dus wie ik der toch in bytsje by. Toen it sa langzamerhan richting tolve by us wie, wie ik al oan it sykjen of ik myn maten koe fine. Mar nee dus.
Dus om 12 oere moest ik fansels wer filmje en wie iederien elkoar lokkich nij jier oan it winksjen en ik stond er bij en ik keek er naar. Wat een vreselijke bedoeling.
Heal oere letter hear ik dat se my ek sochten, mar dat we elkoar mis runen wienen. Ik miende dat se namelijk gewoan noch oan wal wienen. Dus naja dernei lokkich nei us kroeg en werd it toch noch hiel gesellich.
Hie ik al sein dat it trouwens wol ferekttttteeee kald wie op foaral Lanzarote en Grand Canaria? Allemachtig, op Grand Canaria hie ik myn t-shirt oan dien, mar selfs yn de bus koe ik it net hurdzje! Sit je dan 5 oeren te ferklomjen yn de bus. Ik wie hast yn staat om it gedyntsje fan de bus der of te heljen en om te slaan hahaha. Mar dat sil dr ek wol wat nuver utsjoen ha. De oare dei Lanzarote wie ik better foarbereid en hie in dik vest mei naam. En noch wie it kald foaral mei dy hurde wyn der. Ik miende dat it altyd sulk moai waar wie yn dy gebieden run dy tiid, mar dat koe ik net sizze.
En toen kamen we op in gegeven moment wer yn Rotterdam, Heit en Mem en Tamme en Lutske kamen del, want it wie dy dei ek myn jierdei. It wie hartstikke gesellich en ik ha se moai even runleide kinnen. Dernei wie it al gau tiid foar ofskie, want we hienen in betiid fertrek. Op nei Azie!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Portugal, Lissabon

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 223
Totaal aantal bezoekers 32724

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: