wc mantsje 28 juli - Reisverslag uit Bergen, Noorwegen van Martsen Bij - WaarBenJij.nu wc mantsje 28 juli - Reisverslag uit Bergen, Noorwegen van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

wc mantsje 28 juli

Blijf op de hoogte en volg Martsen

30 Juli 2012 | Noorwegen, Bergen


Even in ferhaaltsje hoe sulke dingen op in skip gean, at je crewmember binne.
Wy ha oanboard de saneamde ' houskeeping'. Dizze foar gruttendiels besteande ut mannen, minsken meitsje dus us hutten skjin.Eltse dei krije wy in skjin bed en wurd dr stofsogen en douche en wc dien. It indonesische fentsje kloutert dan op it stapelbed en wrot it nije lekken dr wer op. Hoen K*t wurk it ek wese meie se leitsje yn principe altyd. En ik sis net foar niks yn principe.. Want us housekeeping neamd Sar wie eins net sa bliid mear mei us.. Of eins net sasear om us, mar mear om us wc. En ik mat sizze, wy bin dr ek wol aaaardich klear mei! Sallang dat ik no op it skip sit, docht us wc al appart. Nuvere geluden makke dr yn it begjin, no ja, dan doch je de earen even ticht en ha je dr gjin lest fan. Dernei gong de bak oan de achterkant ieniens gigantisch lekken en run al it wetter mei in rotgang de douche yn. Dan koest mar hurd de door blokkere mei handoeken en hope dat it putsje it wetter sa hurd fuort spjille koe. Dat ha we san 4 kear han. Moai goor, want nei myn idee is it net allinich skjin spjilwetter. Mar klear, us hushaldmantsje wie dr fansels ek al net sa bliid mei. Hoewol ik it ergste altyd foar m opromme. Toen werd us ferteld dat we noch in kear drukke moesten en dat it dan wol ophalde soe. En idd dit gong hartstikke moai.... Oant dat....
Ik op in moarn nei de wc gong en ik moest hurd.. En ik spjil troch en hy spjilt achter helemaal oer en de knop wurke ek net mear. Dus ik de door wer blokkeren en wy nei housekeeping ta om te sizzen dat dr ien moest komme. Omdat ik fuort moest wie saskia hjir noch om ien fan it underhald te ontvangen. Noe wie de gelokkiche dy us ut de bran mocht helpe. Neo is in fillipijns mantsje fan in jier as 45 mei ungelofelijke glinstereagjes haha. Hy stiet wat foaroer as of dr al syn hele leven yn dy ferekte potten om sit te wrotten. Mar Noe is dr seker net minder fleurig om en fynt it dan prachtig om us te pleagjen mei poep en plas grapkes. Ik trof m op in gegeven moment hjir yn de keamer oan en saskia wie even t roken. Hy wie wat oan it mompeljen toen ik m oan it fregejen wie yn it engels wat dr oan de han wie. Ik snapte dr gjin hol fan wat dr sei, want hy sei allinich dat it fixed wie. Mar toen dr nei it kastje achter de wc gong sjen sei dr 'oehhh, big problem!' Dus ik frege wat dr foar problem wie, mar wer sei dy dat us wc it wol die en dat we wer nei de wc koenen. Dat is wat ik opvong en derneist woe dr my noch ff witte litte dat ik very beautiful wie hahaha. Dus ik begon te leitsjen en hy ek en syn eagjes begonnen noch mear te glinsterjen! Uteindelijk koenen wy idd wer mar leafst 2 hele dagen geniete fan in wc dy yn wurking wie. Oan dat dr idd wer net troch spjille woe. Wy dizze kear toch behoorlijk geirriteerd nei de housekeeping dat dr it wer net die. No dat hat twa en in heale dei duorre foardat Noe wer by us foar de door stun Wy midden yn de nacht nei dek twa at je moesten pisje. Want de wc s hjir op de gang bin echt net te hurdzjen. Noe stun alwer helemaal blier te wachtsjen foar de door en der ferskynde in grutte glimlach op syn gesicht doe ik de door ipen die. It mantsje gong wer oan de slach en undertusken sieten saskia en ik mei Noe te kletsen, sunder eins echt te begripen wer it beste mantsje it oer hie. Mar hawar, wy wienen al lang al blij dat dr it wer makke hienen. Al hienen we al in bytsje it gefoel dat dr net echt folle dien hie. Dit kear lei dr wat mear ut en begreep ik werom de wc it net die. Blykbar sit dr yn de kast achter de wc in lek yn de riolering. Hjirtroch kin de wc net vacuum zugje en spjilt dr dus net troch. Mar wat blykt no, dy buis ferfange is in soart wurk, en ja wy bin mar crew, dus dat ha se eins net oan tiid. Mar juster wie it de safolste kear dat dat rotding net trochspjilde. En ik bin dr by wei run en Saskia hat neffens ek net troch jun dat dr stikken wie. Mar ik tink dat us housekeeping dr goed klear mei wie en self de underhald dr by helle hat. Want toen ik werom kwam fan excursie wie de pot wer skjin en koe ik wer troch spjille. Ik tink dat no dus eindelijk wol dudelijk is dat it sa net kin. Dus fanmoarn om 8.15, ik lei noch op ien ear gong de tillefoan. Ik tocht fansels dat it George wie, dat ik te let wie, dus ik skrok en seach ferskrikt op myn tillefoan foar de tiid. Mar nee it wie noch betiid. Ik dy rottige tillefoan opnimme. Noe oan de lijn. Hello Martsen??? Sei dr...
Ik sei Yes? This is Noe... Hy woe no toch eins wol s dy buis repare.. Ik sei dat soe hartstikke moai wese. Dus hy frege at it hjoed ek koe en toen sei dr dr self al achteroan fan, no dat wurd fest niks want jim ha it mei in portdei faak drok. Dus at we ergens oan wal binne. Dus ik sei, nee kinst wol del komme ik bin betiid werom. Mar op ien oft oare manier is dr altyd miscommuncatie mei dy man. Want uteindelijk sei dr dat dr wol mei in seedei lans komme soe. En dat dy net allinich foar de wc repareren kaam hahaha. En dat we oars wol by him yn de hut mochten komme. Hahaha. De man kin it allegear mar prachtich betinke! No ja, sa even in foarbeeldsje fan hoe soks op san skip giet. Je stean as crew uteindelijk achteroan, want de passagiers gean fansels foar. Derneist is dr gewoan in hele soart miscommunicatie troch cultuurferkillen of gewoan elkoars engels net begripe. Foar safier it engels is dan.

  • 30 Juli 2012 - 10:38

    Jehanne:

    Hoi Martsen,
    Alwer in moai ferhaal!
    Groeten!

  • 30 Juli 2012 - 17:34

    Jildert:

    Ik fient mar een stront ferhaal ;)

  • 30 Juli 2012 - 20:25

    Sietske Heeg:

    Ha Ha ja eins is it in stront ferhaal;] Moai hjer Martsen! Dat is ek it moaie..Alle cultuurferskillen de taal en hoe soks dan allegear op sa'n reis mei elkoar te krijen hat. Noch mar efkes lekker genietsje
    Succes mar wer

  • 01 Augustus 2012 - 22:43

    Martsen:

    undertusken hat dr hjir noch trije kear west... No mat it ' echt' klear wese seit dr hihi.. Hij wie dizze kear in ferske foar my oan it sjongen fan Elvis are you longsome tonight. Ik mat sizze, de man kin better sjonge as dat dr wc's kin reparere hahahah.

  • 01 Augustus 2012 - 22:43

    Martsen:

    undertusken hat dr hjir noch trije kear west... No mat it ' echt' klear wese seit dr hihi.. Hij wie dizze kear in ferske foar my oan it sjongen fan Elvis are you longsome tonight. Ik mat sizze, de man kin better sjonge as dat dr wc's kin reparere hahahah.

  • 01 Augustus 2012 - 22:43

    Martsen:

    undertusken hat dr hjir noch trije kear west... No mat it ' echt' klear wese seit dr hihi.. Hij wie dizze kear in ferske foar my oan it sjongen fan Elvis are you longsome tonight. Ik mat sizze, de man kin better sjonge as dat dr wc's kin reparere hahahah.

  • 09 Augustus 2012 - 20:11

    Annie:

    Wol maklik, sa'n húshaldmantsje..

  • 18 Augustus 2012 - 15:19

    Marije:

    Martsie!

    Hoe is ut der? Hjir is ut smoor hiet! Net normaal! Ik mat nog een wieke wurkje en dan ha ik lekker fekansje. Sol dan wol net sulk mooi waar wurde :(.

    Hjoen druiprock, der sol ik even hinne. 90ies party haha. Bin benijd!

    Werkse!!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Noorwegen, Bergen

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 264
Totaal aantal bezoekers 32757

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: