skofke lyn - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu skofke lyn - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

skofke lyn

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

22 Juli 2012 | Nederland, Amsterdam


No goeie, it is alwer in skofke lyn ha ik wol yn de gaten. Minsken begjinne sich al soargen te meitsjen, mar gjin nijs is goed nijs sa at it sprekwurd seit.
It giet noch altyd hartstikke best mei my en it skip druiwt ek noch steads, dus wat dat betreft is alles prima. Ha it ofrune wiken drok han, weinig sliep op myn manier, mar dat is myn eigenn skult. En dan ha je net safolle sin om noch ff wat te typen. We sitte noch steads yn Noarwegen, noja momenteel bin we underweis nei noarwegen. Juster wienen we wer even yn Nederlan. We sitte no tocht ik by de kop fan Denemarken sa at ik dat fanmoarn op de tv hjir yn it skip seach. Dit skip hat de gang dr ek wol aardich yn hear. Foarige cruise bin we nei de Noardkaap west. Saskia en ik wienen drok dwaande om walvissen te spotten, want dy bin der blykbar in soart te sjen underweis. Mar it mocht net bate, want wy ha dr fansels wer gjin ien sjoen. Saskia fertelde my selfs dat sy op in gegeven moment fotos oan it nimmen wie fan minsken yn it skip. En it wie dy jun net sa drok yn har studio. Dus se siet de hele tiid wat nei buten te staren om te sjen at se ek in walvis of wat dan ek seach. OPiens wienen dr in pear minsken dy har wat fregden en sa heart se ieniens in pear minsken achter har heel lud roppen oooooh! Mar se woe net onbeleefd wese en har fuort omdraaie. Mar bleek dus in Orca nest it skip te swemmen. Potverdikke. Ik hie ek al mei in passagier praten, dy sei ek dat dr in walvis ut it wetter springen sjoen hie ergens yn in nacht. It moaie is dast alles dan noch steads sjochst omdat it ljocht bluiwt snachts. Naja hopelijk meie wy dr ek noch s ien sjen, soe wol ferekte moai wese! Mar noardkaap woe ik noch ff fertelle. Wie dr suver wol moai waar yn it doarpke wer we oanfoeren. Net hyt fansels, mar it wie san 11 graden earst. Mar famke fan shore excursions sei dat it bovenyn by de noordkaap dus it heegste punt fan europa, der soe it dan wol hiel kald wese. Ik koe it my eins net foarstelle, mar klear. Ik yn dy bus mei nei boven. Underweis seagen we fuort al in pear wylde rendieren. Earste stop wie in kamp fan de locals. Wit de namme net iens mear, mar soart eskimos, mar dan mear finse ofkomst. Wenje dan yn soart indianetentsjes en leven fan rendieren. Mar dit wie net helemaal mear sa as it froeger gong. Se hienen hun twa suterige tentsjes oan de iene kant fan de dyk stean. Wer se dan yn alde kledingstijl nest de rendieren stoenen. Mar ik seach op in gegeven moment dat de iene man de oare ofwissele. En dy hie gewoan spiksplinternije nikies under syn klean. En de man run de dyk oer wer se leau ik echt wennen. En dat wienen prachtige chalets mei djoere autos foar de door. Dus dy minsken hienen it net sa min mear der. Ferfolgens gongen wy fjirder omheeg om sa nei it meest noordelijke punt fan europa te gean. Wol appart want ik betink my no opiens dat ik ek op it meast sudelijke punt fan europa west bin. Dat wie yn Portugal en meast noardelijke no dus ek. Toen we der oankamen foel my ien ding op.. wat in wyn! De wolken fleinen der letterlijk oer dy berg hinne. Hier waaide dy hast fan de kop of. Lokkich koe ik it noch wol aardich warm halde, want ik hie in nije jas krigen fan myn baas. Ik gong filmjen by it monument die op de noardkaap stiet. Lokkich hie ik toen noch wol wat sicht en koe ik ek de see filmje. Ik hearde letter fan oare passagiers dat ik gelok hie omdat dr allinich moarns mar sicht wie. Letter op de dei wie it hartstikke mistig troch de wolken dy dr oerhinne fleinen. Omdat it sa hurd waaide pruiwde ik op ten duur allinich noch mar stien yn myn mule. Gatverdamme. Mar hoe dan ek, it wie wol bysunder om der te wesen. net folle minsken dy der komme.
Dernei wer werom nei de boat en we woenen de juns even nei de icebar. No dat wie in dikke nee, want dy wie al sluten helaas. Dus om in oer as 11 runen wy der juns noch troch it doarpke. It wie iniens prachtig waar en de sinne skinde. Net sa fel mear as oerdei, mar it wie suver moai gesicht. It doarp wie hielendal utstoarn op ien kroeg nei. Dy hartstikke djoer wie, wertroch wy mar troch binne run. It rare is dat je allinich hielendal net wurg binne. Omdat it dus telkens ljocht is. Ik hearde ek fan de gids dat minsken hjir yn it noarden yn de simmer ek faak noch snachts bijv it gers meanen gean of sulk iets. Hele nacht binne dr wol minsken buten. HIel apparte gewaarwording.
Fjirder wer in soart fan de deselfde soarte doarpkes. En wer in soart wetterfallen sjoen en bergen. Mar it bluiwt mooi, dus ik fermeitsje my wol. Nadeel is allinich dat Noarwegen sa ferekte djoer is. Dus je gean net sa gau mear ff de sted yn om wat te keapjen. Ik mat bijv al wiken hierlak ha, mar ik fertik it gewoan om it hjir te keapjen foar hast 10 euro.
No ik sil my no wer ff klear meitsje foar de formal jun. Minsken wer yn galaklean en dan mat ik yn de gallery stean 6 oeren achterelkoar. Net myn favo jun, mar ik nim myn boekje wer even mei dy ik fan Klaas Bouma ha krigen haha. Dit boekje kin ik namelijk stikem goed ferstoppe sadat net ien sjocht dat ik oan it lesen bin. Dus dat is wer hartstikke handich, bedankt noch foar it boekje Klaas. It wurd no suver spannend it boek! Mem hat dr ek noch ien mei jun, dus dy kin ik hjirnei moai lesen gean. De quest falt krek even wat tefolle op om te gean lesen haha. Je ha hjir sammar in warskoging oan de broek en at je dr 3 ha kin je nei hus. Dus dat mat ik noch ff sjen te foarkommen. Mar je wurde dr soms wol wat rebels fan, fan al dy stomme miereneukerige regeltjes. Wat wol en net mei op it skip.
No klear, ik sil no even douchen oars kom ik straks ek noch te let. Oan kiekes mar weerus!

tut mats

  • 22 Juli 2012 - 15:59

    Jehanne:

    Hoi Martsen,
    Wer in moai ferhaal! Oars it hier mar net te faak waskje, besparrest sjampo en hierlak;)

  • 22 Juli 2012 - 17:18

    Sietske Heeg:

    Ja Martsen kist ek gewoan wat sjippe yn dyn hier" achterlitte".Rûkt lekker en is tagelyk goede ferstefeging...!Hiel apart sa'n hiele nacht ljocht....! Ik kin my foarstelle das't soms dyn nocht hast fan al dy regels.....Maar do makkes't wol wat mei en sjochst sa folle moaie dingen dat nimme sy dy nooit wer ôf!
    Bedankt mar wer foar dyn moaie ferhaal!En succes!

  • 25 Juli 2012 - 17:45

    Elske :

    Heee Martsie!!

    Klinkt allemaal maar weer mooi! Ja duur is het daar, net best..
    Met Ids gaat alles ook goed trouwens had ik niet eens in bericht gezet.

    Heb je mijn cadeau al gebruikt! ;-P

    Tuuuuut

    Elske

  • 26 Juli 2012 - 11:18

    Annie:

    Leuk om wer wat fan dy te lezen! Goh, wat sjogge je dan in soad! Dus dy Eskimo's hienen it wol aardich foar elkoar! Kinst it poolljocht der ek sjen? Lesten hie ien it ut Fryslan wei sjoen. Moat ek prachtich weze.

    xxx Annie

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Amsterdam

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 237
Totaal aantal bezoekers 32768

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: