Ofrune dagen Noarwegen - Reisverslag uit Bergen, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu Ofrune dagen Noarwegen - Reisverslag uit Bergen, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

Ofrune dagen Noarwegen

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

08 Juli 2012 | Nederland, Bergen

Noarwegen

No Noarwegen sit dr hast wer op.We ha dizze wike in wike cruise han. En sa it it no liket ha wy wol best ferkocht. En dat mat dan allegear noch even de leste dei gebeure no. Fanmoarn stunen we mei 3 man yn de gallery en stun dr selfs noch in dikke rij. Derneist moest ik myn dvds noch ofmontere. En no ha ik eindelijk noch ff pauze. Is no 19.45 en sit op bed mei ien oft oare film op de achtergrun te typen op myn tablet. Ik mat oer in ketier noch ff twa oerkes yn de Gallery stean, hopelijk kin ik dan eindelijk noch ff wat was dwan. Ek wol wer s noflik:) Mar Noarwegen is in moai lan.. Foaral at de sinne skynt dan liket it allegear prachtich yn de fjorden mei de bergen dr om hinne. Ik bin dizze wike fan it iene utsichtpunt nei it oare utsichtpunt west. en fan de iene wetterfal nei de oare wetterfal. Mar mat sizze dy ferfele toch net hear. De omgeving die my ek wol in soart tinken oan de film lord off the rings, ek al is dy yn nieuw zeeland makke. Der sil it klimaat ek wol wat aangenamer west weze om der 3 jier lang in film op te nimmen. Dat is hjir yn de winter tink ik ek hast net te dwan. Mar we hienen dr fan de wike moai waar by. Tink san 21 graden gemiddeld, ik hearde dat it yn Nederlan juster 28 graden wie, dat is ek mar best. Al fyn ik dat hele hite ek net sa lekker, dus dit kin om my ek prima. Fjirder hienen we dizze wike noch in moai feest op it skip. In feest foar alle crew en dan is alle drank gratis en kin je maar raak supe. Mochten je dat wolle;) Ik hie it gelok dat ik de oare dei pas om 13.00 hoefde te begjinnen, want hearder gong myn tour net. No dat kaam net sa min ut.. Se hienen in feest organiseerd yn de Laudry wer alle grutte was opslein wurd sa as dekbeden en handoeken ensa. Dit sit op it allerleegste dek sadat net ien lest fan us ha soe. Blykbar ha dr toch noch minsken klaagt ek al sit dr noch in dek tusken. Dus om 2 oere gongen de ljochten oan en gong iederien blykbar noch ergens op syk om nei te gean sitten. Ik bin noch ff mei nei it rookhok gong, want ik woe fansels ek noch net. Mar nei in oere ek mar s nei myn hut gong. En heajuster wie de 4th of July foar de amerikanen. Dus wie dr wer in feestje yn de kroeg hjir beneden. Dy Amerikanen ha mar in apparte manier fan humor, mar klear. It wie wol ff gezellich. De googelaar fan it skip wie dr ek, en dy die noch in pear trucjes. No ik wol net seure,mar ik begreep dr hielendal niks fan haha. Dat die dr allegear mar knap. Ik mocht ek in kaart utsykje en hy hie precies dy kaart fansels. No ja, wol grappich. Ik gong net sa let fuort want ik moest 7 oere wer present wese. Hear ik letter dat toen ik noch mar krek fuort wie, dat de twa showroom dancers/sjongers (twa homo's) rusie hienen krigen om de iene syn freon. En werd dr iene oer de tafel gooit. De officiers ha se ut elkoar helle. En blijkt dat de beide mannen yn Rotterdam fan it skip ofmaaie, dy bin dus gewoan untslein. Handich ek, dy twa knapen sitte mei hun beide yn deselfde show. Matte se rap dus twa oare ferfangers foar sjen te finen. Mar skynbar stean de minsken dr foar yn de rij om it fan hun oer te nimmen. Mar sa makkelijk kin dat dus gean. Ast iets ferkeards dochst kinst in zogenaamde pin krije. En by de tredde meist fertrekke. Asep hat bijv al 1 pin omdat dr dr net mei in training drill wie. Mar dizze jongens gean sunder warskoging al fuort. Fjirder weinich bysunders oan de han, moarn wer ff Rotterdam oan. Dat is altyd wol noflik dat je wer even yn eigen lan binne. En wer gewoan internet ha en tillefoan bruke kinne. No dat wie it foar no.. oant oare kear mar weer!

  • 08 Juli 2012 - 11:13

    Sietske Heeg:

    Vul hier je reactie in...
    Moai hjer Martsen. Wy haw ek al in pear kear yn Noorwegen west. Mar dat is al wer in hiel skoft lyn. Mar prachtich fûnen wy it . It ferfeelde noait. Wer sil de reis no hinne?
    Super das't safolle sjochst! Geniet d'r fan!
    H.gr út Terherne

  • 08 Juli 2012 - 19:45

    Lutske:

    Noorwegen is NIj Seelân yn it lyts sizze se wol. Moai hear! Bin bliid at der wat feestjes fiert wurde op dat skip fan dy. Kinst in bytsje yn it ritme bliuwe. :) xxx

  • 21 Juli 2012 - 16:02

    Rian:

    Haij Matsie din,

    Grappig der is no RTL 4 in utsjoering fan de MS Rotterdam yn Noarwegen.. wol grappig kin je ek in kear sjen hoe en wat ongefear dat der utsjugt!

    Mar dyn hotmail docht it wer? Dus ik kin myn ferslagen ek wol fia mail fersjoeren!?

    Hoe ist oars? Wer bist no?

    tut fan us

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Bergen

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 237
Totaal aantal bezoekers 32767

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: