Bergen - Reisverslag uit Bergen, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu Bergen - Reisverslag uit Bergen, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

Bergen

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

02 Juli 2012 | Nederland, Bergen

2 juli

Bergen

Sa alwer in pear dagen lyn dat ik wat typt ha. Dus it werd sa langsamerhan al wer s tiid no. We ha no alwer twa seedagen han fanut stockholm werom nei Rotterdam. Even gjin excursies en dat fun ik eins ek net sa slim. Hie earst wol wer genoch cathedralen sjoen. De twa leste dagen fan dizze cruise wienen wol ferekte drok. Alles moest ofmonteerd wurde en brand wurde en dien. Derneist in soart yn de shop stean om it spul te ferkeapjen. Lokkich hienen we al mear dvds ferkocht as de foarige kear. Toen hienen se mar 35 en no 55ferkocht, dus dat is wol moai. De leste seedei hienen we noch in moai spontaan feestje yn it rookhok wer ik even mei saskia hinne gong. De indo's hienen twa gitaren mei naam en se stunen allegear te sjongen en te dounsjen. It klonk allegear wol gesellich en moai en we krigen allegear drinken fan hun wat se ynslein hienen. Uteindelijk werd it drokker en drokker. En kaam de 1e officier der selfs bysitten te sjongen. Wie moaie jun en uteindelijk wie it ek san 4 oere wat ik dr noch fan wit. Oare dei moest ik leau ik al om 9 oere wer begjinne yn de shop, mar Asep myn maat sei dat ik wol oerke letter mocht komme. soe hy it earste oere dwan foar my. De jun dernei gongen asep en ik even nei de Officers bar om der noch wat te drinken. Deselfde officier kaam der wer by sitten en kamen dr telkens mear officieren by. Dr wie wer yn dy in gitaar helle. Mar se hienen al gau troch dat wy dy ferskes allegear net koenen haha. Ja vaaaaag bekend, allegear engelse nummers. Asep hie it op in gegeven moment besjoen en dy naaide dr ut. En ketier letter hie ik it ek wol besjoen, want moest wer betiid. Ik leau dat de mannen der noch wol ff sitten ha. Hjoed bin we yn Bergen, mar dat is echt in oanrider sis! Hiel oars as stockholm, mar Bergen leit tusken 7 bergen en allegear fjorden. We lizze oan wal en je kinne sa de sted yn rinne. Helaas hie ik dat net oan tiid want ik hie wer in excursie. It werd uteindleijk ek noch prachtig waar, dus it wie prachtig. We gongen earst nei in houten tsjerke, wat trouwens in replica fan iets wie. ja stom mar ik lusterje dus net de hele tiid haha, wertroch ik wol s wat info mis haha. Dan bin ik oan it filmen en bin de minsken nei de gids oan it lusterjen. No wie dat houten hutsje net sa bysunder en de aldjes wienen wat oan it mekkerjen dat it allegear te fier rinnen wie. En ja hear dr gliede wer yn ut op de kont. Pff dat fyn ik mar niks, aansten brekke se wat. Lokkich lake dizze frou en mei wat hulp gong se wer stean. Dernei gongen we nei it alde hus fan in bekende noorse componist, Edward.... eh.... no ast it wist sis it dan mar. Mar wauwwww wat wenne dy man moaiiii!!! Hy wenne op in heuvel omringt troch allegear fjorden. En in prachtig skattich huske. Se hienen dr in concertzaaltse bij bouwt dy bouwt wie tusken de rotsen en bedekt mei gers. We ha der lustere nei in pianist dy dus stikken die fan dizze edward. Mar prachtich plak sis.. Ha my der wol de eagen utsjoen. We bin no op wei nei gorenger as ik it goed skruiw. Eajuster moesten ik en Saskia us melde op de bridge omdat we in oare functie krije soenen foar wannear dr wat gebeure soe mei it skip. Of lit ik mar gerust sizze wannear it skip sinke sil. Wy bin tsjintwurdich trafficdirector. Dat hald yn dat wy de minsken nei dek 3 matte stjoere at dr wat mei it skip gebeurd. By de sailaway yn rotterdam dogge se altyd in drill. Toen moest ik dus ek op myn plak stean yn it skip en de minsken nei boppe leide. Gong lokkich allegear best. EN lokkich hie ik troch myn trainingen ek noch wat dingen opstutsen oer de noodliften etc. Stean je dan 3 ketier yn je swemfestje by de trappen. Ah oja ek noch in grappich ferhaal! haha.. Ik gong eindelijk foar it earst myn was s even dwan. Meastal is it erg drok by de wasmaschines want we ha dr mar 3... wat nergens op slacht, want we bin mei 500 bemanningsleden. Mar klear Asep seach myn plasticpude mei was uitpuilen en sei dat ik de was dwan moest haha. Dus hy liet my sjen wer it wie en ik gooide it spul dr yn. Nei in skoft wer werom om it yn de droeger te gooien. En uteindelijk hie ik it spul yn de han en run sa werom nei myn hut. Ik moest wol aardich snel want soe dernei 2 oeren yn de gallery stean. Dus ik gau fuort, mar toen ik werwerom kaam. Run ik troch de gang nei myn hut.. sjoch ik opiens underguod en in sok oan de reling yn de gang hingjen. Ik tink welke idioot leit der syn underguod no op... hahaha wylst ik tichterby kaam, herkende ik myn eigen blauw underguod... ah... ik wie underweis dus in sok en underguod ferlen. En ien hie dat even op de reling lein haha. No ja ik snaaide it heel onopfallend fan de reling of sadat net ien it seach en run snel troch nei myn hut haha. No ja klear, dr sil noch wol mear fan dat soart brike ferhalen lans komme. Oja foar de minsken dy my noch mailt ha of fan plan binne. Myn mail is blokkeerd, dus besykje it dan louwer fia facebook.
No dat wie it earst foar no... Oant letter!

  • 02 Juli 2012 - 15:36

    Mem:

    Sa kinne we dei wer Matsie.
    Tut Mem

  • 02 Juli 2012 - 16:09

    Hessel:

    wie dy componist net edward grieg

  • 02 Juli 2012 - 20:01

    Elske:

    Matsie!
    Bergen is echt prachtig. Wij waren er op de motor. Het lijkt wel een film locatie of een attractie park, hiii..

    Oant letter mar wer!!

  • 03 Juli 2012 - 10:04

    Annie:

    Haha, ik sjoch it al foar my, dy underbroek en sok op'e reling!
    Moai dat jim aardich DVD's ferkeapje!

    We ha sneon mei de Kameleonrace mar leafst 2 sloepen achter us litten! Stienen beste golven!

    xx Annie

  • 03 Juli 2012 - 19:41

    Tamme En Lutske:

    Wat hast wer in protte sjoen en belibbe en dat yn mar 14 dagen tiid mar it is wol oanpoatsjen begryp ik en naet gjin 5 deise wurkwike fijn dasto it sa nei't sin hast wy genietsje fan dyn ferhalen
    Oan't in oare keer Groetjes Tamme en Lutske

  • 06 Juli 2012 - 10:48

    Sietske Heeg:

    Hee Martsen
    Prachtich wat sjochst do wat! Do komst overal. Moai hjer! Dit nimme se dy net wer ôf! Geniet d'r fan.

    Enne moai dat se der sa op "dy"en dyn wask passe! It wol oars wol droechje hjer der op dy reling......!Leuk dyn ferhalen we binne fan doel it wat te folgen.Bedankt!
    Ek de groetnis fan Herman

  • 08 Juli 2012 - 10:50

    Martsen Van Der Bij:

    hahahah bedankt foar de moaie reacties.. en it wie inderdaad edvard grieg.. seach ik letter.. dy man wenne der echt prachtig!

  • 08 Juli 2012 - 19:40

    Lutske:

    Hoii Matsie,

    Efkes in pear dagen drok en ik ha allegear ferhalen mist. Prachtich! Wol in idee dus om es nei Bergen te gean. Dat tocht ik al toen Boer zoekt Vrouw dêr wie. Moaie aksjes, haha! Mar de ûnderbroekjes bin wer te plak. Ast wer ris yn R'dam bist, kin we best es in dei komme seinen Rian en ik! Wol even leuk! Folle plesier mar wer!! Xxx

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Bergen

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 303
Totaal aantal bezoekers 32763

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: