helsinki - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu helsinki - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

helsinki

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

28 Juni 2012 | Nederland, Amsterdam

Helsinki

En toen werden we de oare dei wekker yn Helsinki! Wat in griis vies waar bah. Ik soe moarns mei foar excursie. Earst gongen we nei in monument, frege my net wat foar haha. Ik ha helemaal niks fan it ferhaal mei krigen. Mar blykbar wol belangryk want ik seach it monument oeral yn souveniersshops werom kommen. Dernei in tsjerke dy ut rots bouwt wie. Ek wol moai om te sjen en de acoustiek wie super moai, omdat se boppe yn it gebouw allegear koper hienen plaatst om it sa moai te krijen. Sunder al dat koper soe it lud hiel dof klinke. Dr wie namelijk in frou oan it pianospyljen.
Tredde stop wie by parlementsgebouw en ien oft oar tsjerke. Ek even net meikrigen wat it precies wie. Wol stun dr in standbeeld fan Alexander de safolste fan ruslan. Helsinki hearde froeger by Ruslan. Ik fun Helsinki net al te bysunder. Mar it moaiste komt fansels noch. We mochten mei de bus werom ride, mar we mochten ek de pendelbus nimme werom, sadat we de sted noch even yn koenen. Ik hie dy rottige kamera al mei, mar ik tink, oars mat ik hinne en wer en ik kin mei de pendelbus. Dan nim ik dat ding wol mei, want ik hie al sjoen dat se moaie winkels hienen! Oeral sale fansels, dus it wie hast paradijs! Dus ik ha der even in rib utjun en toen wie it tiid om werom te gean. Ik wie noch sa toek west om de gids te fregjen wer de pendelbussen kamen. EN ik hie ek wol opletten tiidens de tour toen se it sei. Mar blykbar koe ik dy rottige dingen dus echt net fine. It begon te plensen en ik run der wat mei de siel under de earm mei tassen fol klean en in swiere kamera troch helsinki. Lokkich hie ik de kaart tiidens de tour meinaam. En kaam ik dr sa achter wer ik wie en hinne moest. Oantdat ik op in bepaald herkenbaar punt op de kaart kaam en der maar liefst 5 richtingen wienen. Ik koe net dudelijk sjen welke strjitte ik no yn moest. Ik tocht dan toch mar s even fregje. Dr stun in tourbus yn ien fan de strjitten. Ik tocht heeeel miskyn isit wol in pendelbus. Mar dat wie net sa.. De man liet my dr even yn en toen seach ik al gau dat dit net minsken fan us skip wienen. It wienen allegear chinezen ik stuts dr bovenut. De man sei dat ik goed run wie en gewoan rjochtut moest. Dus ik hie in stevige pas dr yn en wie it toch krek even wat fjirder dan ik tocht hie. Uteindelijk seach ik de rotterdam yn de fjirte allinich wie alles ofsetten. Mochst ek nergens rinne ivm bouwwerken. Ik tocht op in gegeven moment sykje it mar ut, der leit de boat en der mat ik hinne. Bin dus dwersoer gong.. seikterwiit kaam ik by it skip oan. Mar lokkich optiid, want it skip wacht net at dr fuort faren giet. Dat wie dus Helsinki... foel my wat of earlik sein. Op nei Stockholm!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Amsterdam

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 239
Totaal aantal bezoekers 32759

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: