st petersburg 3 - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu st petersburg 3 - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

st petersburg 3

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

28 Juni 2012 | Nederland, Amsterdam

Ik mat wol sizze dat ik it op in gegeven moment wol sjoen hie. It wie sa allemachtigst drok! En troch dat omhingje en slenterje kryg ik lest fan myn reg. En nergens wer je even sitte kinne. Ik hie ek ferwachte dat myn filmke nergens oer gean soe.Dat ik it allegear like bryk en u nskerp ofsa filme hie. Mar lokkich ful it wol wat ta. It wie fjirder wol heel speciaal om s te sjen, mar dan ljouwer at it wat rustiger is. Wol in raar idee dat de nazis it tiidens de wraldoarlog bijna helemaal ruineerd ha. It is ek net foar te stellen dat se it allegear wer restaureerd ha. Allll dy beelden en skilderijen en alle details. It is net foar te stellen. Mar goed we kamen buten en toen koe ik even wat rustiger filmje. Uteindelijk wie it tiid om fjirder te gean en bin we richting de bus run. Ik merkte dat de minsken ek wat chagrijnig wienen omdat us gids net by te halden wie. Se draafde as in dief.No ja en je witte wol wat foar publyk dat je mei ha. Ha tiidens dizze excursie ek noch twa alde minsken sjoen dy fallen binne. Dat is ek sa ferekte sneu. Mar goed, ik run dus telkens mei de kneuskes mei haha. Want dy koenen it lang net byhalde. Middeis gongen we even iten ergens yn de sted. Ik hie fansels gjin russische valuta, de Roebel. En pinne woe net.. Dus ik tocht by myself, wat handich dat ik in creditcard oanskaft ha! Mar wy mat tsjintwurdig in pincode ynfulle... Eh, lit ik dy no krek net witte haha. Dus dat wie wat in skrale bedoeling tiidens de lunch. Wol ha ik my de eagen utsjoen. Dy straatartiesten hjir bin echt authenthiekis it goeie wurd tink ik haha. In ald mantsje mei syn frou. Hy spyle de acordeon en sy wie oan it sjongen en doensjen. Ik tink dat se beide de leeftyd fan 78 wol hienen. Undertusken stun dr yn fontijn in mantsje mei in aardige bierbuk en in stik yn de kraach te dounsjen. Hjir wurd hielendal net raar fan op sjoen. Minsken skine it allegear mar normaal te finen. Fjirderop stun dr noch in ald frouwtsje te sjongen. Foel my op dat foaral de russische jongere froulje har jild joegen. It wie leuk om sa even te sjen hoe dat giet yn san sted. Toen werd it tiid om nei folgende ding te gean. It is no trijedagen lyn en ik kin my even net betinke wat it wie. hahaha.. Oja! St paul en peters cathedral. Ek in gigantisch gebou, net sa kitch dit kear. Ek prachtich fan binnen en opnij moest hjir ek betelje ast filmje of fotografere woest. Moaie plafonnen en prachtige skilderijen. Hjir bin de nazis lokkich net oan ta kaam en wie it allegear noch yn takt. It foel my op dat dr fjirder helemaal net folle ferteld werd oer it communisme of oer stalin of lenin. Wylst dit froeger toch echt leningrad wie en ik hjir wol hiel beneid nei wie. En it falt op dat de russen totaal net leitsje en weinig gefoel foar humor ha. Sa at je it sis mar foarstelle, sa bin se ek. Bijv suske en wiske boekjes, deryn seagen se dr ek altyd nors ut. No sa is it dus ek haha.
Absoluut net een sted wer ik oait wenje wolle soe! Dernei bin we noch even nei palace of spilled blood west. No dat wie ek sa moai. Ik run mei in alde frou mei, slecht ter been. We wienen de oaren al kwyt, mar it palijs stuts oeral boppe ut, dus koenen it wol fine. Toen wy der oan kamen gongen sy echter alwer fuort. Lekker dan, ik ha twa shots naam fan it gebou en hup wer nei de bus. No ja, whatever haha. Stikt der fan dat soart gebouwen. Alexander de safolste is der fermoarre, fander de namme. Ja ik ha goed opletten wat de ondudelijke gids fertelde haha. Dernei wie it tiid om wer werom nei de bus te gean. We wienen ek al san 10 oeren underweis en moarn soe dat wer sa wese. Oare dei gong ik wer mei dit kear wer in oare bus en oare tourguide. Mar dat wie ek moai want ik gong smoarns wer nei it paleis!Ik seach us der alwer 2,5 omslenterjen yn dy drokke keamers yn it gebou. Dit kear wie it ek noch s hartstikke kald want de sinne skynde dit kear net. Dat merk je dan ek best! Tink dat it wol 10 graden skeelde. Ik ha de camera ek net mei naam smoarns. Mar gewoan as extra hulp mei run om iederien by elkoar te halden. Middeis gongen we ergens mei syn allen iten, lokkich dit kear gratis en koe ik dus wol ite haha. We krigen no net echt iets lekker ofsa, rys mei kyp en doperwten. Appart, mar it wie wol te promjen. middeis gongen we nei it hermitage. Froeger dus ek in paleis, mar dit wie no in museum. Krek as wat foar us it rijksmuseum is, is dit bij hun it Hermitage. Wol skitterend gebou en in soart bekende kunstenaars. Vincent van Gogh, Rembrandt van Rijn, Monet, Picasso, Michaelangalo en da vinchi. En san soart ferstan ha ik dr net fan, mar it is wol bysunder om te sjen dat dy superalde skilderijen te bezichtigjen binne. En yn St Petersburg stean selfs mear skilderijen as yn Amsterdan fan Rembrant. Disse tour naam ek best folle tiid. Dr wie in hele soart te besjen. Disse gids, dy ek folle leuker en better wie frege wie alles sjen woe. De Yanks ropten fansels it ludst fan Yesss we do! Toen sei se dat dat wol kin, mar dat wanneer je 1 minuut per tentoonstelde atribuut besjogge yn it hele gebou. en dit soest non stop dwan. Dan bist 7 jier underweis! Unfoarstelbar... Mar toen ik der binnen kaam begreep ik it wol. It is echt sa grut en safolle keamers.
No dat wie wol san bytsje sint petersburg. It wie moai om te sjen mar wol heeeeel toeristisch bij de toeristetrekkers fansels. Ik soe dr net wer werom hinne gean leau ik.
Mar wol moai om s in kear sjoen te ha.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Amsterdam

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 215
Totaal aantal bezoekers 32754

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: