dei op see - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu dei op see - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

dei op see

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

26 Juni 2012 | Nederland, Amsterdam

Dei op  see.

Juster hienen we in hele dei op see. Net echt bepaald myn ding, want je vervele je dan best wol wat en je hingje wat om. Moarns hie ik training fan George no ja training koe ik it net echt nimme. We gongen allinich de tapes yn de computer laden. It wie wol beneid wat dr oer myn gefilmde spul sizze soe. Mar it ienige wat dy sei wie dat ik de horizon rocht moest halde by in boatsje dy ik filme hie. Ik tocht by myself dat falt mei want dy fotografen krigen lest ek wol aardich wat kritiek oer hun hinne. Hy seit it wol sis mar at it net goed is. Mar hy sei fjirder niks oer de rest. Dus dan sil it wol goed wese haha.
Juns moest ik fan 5 oant 23 oere yn de gallery stean, dat wie echt supersaai. Wat in lang ein wie dat der de hele jun wat stean. Op in gegeven moment stun dr in wat bekakte amerkikaanse frou mei in grutte galajurk by de balie. Har camera die it net, dus ik holp har mei de camera. It wie my al gau dudelijk dat se dr ek hielendal niks fan begreep hoe dat toestel wurke. Dus se wie my sear dankbar en sa koe ik har moai begeleide nei in studiofoto.Se gong my der toch ek eigenwiis poseren
Ik moest der wol om leitsje. Dernei kaam se mei in freondin fan har werom, om tegeare mei har te poseren. It wie wol in moai stel. Beide stronteigewiis mei getuite lippen geposeerd op de foto. En dernei woenen se fansels ek noch de swart wyt foto ha yn de studio. Asep myn collega sei dat sy ek in hut hienen op it dek, dus der sit wol jilt!Dus hopelijk kin we der noch wat jilt fan los krije haha. Se fertelden dat se hjoed dus fan it skip of soenen en sjen soenen of dr noch in leuke eslandse jonkheer te scoren wie. Twa ald famen soe beppe wol sizze.
Fanmoarn moest ik wer betiid want ik soe mei in tour fan 6 oeren mei. Mar toen ik der kaam wienen se al fuort! Dat wie wol kloaten, mar lokkich koe ik mei in oaren mei. We gongen nei de alde sted fan Tallin. Echt prachtig! Bytsje middeleeuws op in scandinavische manier. Soart gekleurde gebouwen. En in soart alde tsjerken ut 1300, dus echt ald. Bytsje jammer dat it ek 4 oeren allinich mar rinnen wie en ik dy swiere tas mei nimme moest mei de camera. Koe helaas de carera fansels net yn de bus litte, want we werden wer oppikt troch in oare bus. Fanmiddei wie ik frij en bin ik self de sted noch even yn west mei Asep. Even wat swarte shirts kocht foar myn wurkoutfit. Want safolle ha ik net mei naam. Mar echt in oanrader Tallin! Al hearde ik fan myn collega saskia dat se in soart nazispullen ferkochten yn kraampkes ensa. Sawol ferzamelobjecten ut de twadde wraldoarlog as gewoan tshirts mei hakekruzen. Hoe bizar dat sjoch je by us totaal net. Saskia is addopteerd en fan oorsprong Surinaamse. Yn Ruslan hast ek wol erg rjochtse groeperingen, dus die is wol wat bang om moarn St Petersburg yn te gean. Mar ik sil tegearre mei har de sted yn. It skynt juns ek gefaarlijk te wesen. We matte ek mei speciale pendelbussen hinne en wer nei de sted. Ach ik seach tafallich foardat ik fuort gong freed noch RTL travel dy der e wie. En it mat echt moai wese, dus ik sit dr net sa oer yn.


  • 26 Juni 2012 - 20:30

    Lutske:

    Moai dast it nei it sin hast en dat it wurk leuk is. Je sjoche alles! Super!

  • 27 Juni 2012 - 12:46

    Elske:

    Klink leuk Matsie!! Bin suwer Jaloers, hiii.. ;-)

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Amsterdam

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 163
Totaal aantal bezoekers 32756

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: