Warmunde dutslan! - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu Warmunde dutslan! - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

Warmunde dutslan!

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

20 Juni 2012 | Nederland, Amsterdam

Warmunde

Justerjun even moai op stap west yn Kie l, ik mocht dr dus uteindelijk toch noch even of! Der wie fanalles te reden yn Kiel, samen mei myn collega Asep bin we de sted yn gong. Dy dutsers halde wol fan lekker iten. Serieus oeral stean itenstentsjes en net krek sa as by us ien friettent en miskyn at it echt menes is ek noch in viskraamke mei de joustermerke. Nee de hele sted lang wienen allinich mar biergartens en frettenten. Asep fun woe foar alles betelje aangezien se dat went binne yn indonesie dat de man altyd alles betelled. Dat leit yn Nederlan dochs wol in bytsje oars at je bierke helje haha. Ik woe dat fansels net, dus wie m even foar by de biergarten. Dat fun dr mar appart. Sa is it wol grappig om de cultuurferskillen te bepraten. Op in gegeven moment bin we mar wer werom nei it skip gongen, omdat we it skip net misse woenen. Om 11 oere moesten we de gallery noch ff skjin meitsje ivm it firus wat noch steads net oer is. Uteindelijk wie t san 2 oere foardat ik eindelijk s slipe koe! En ik moest fanmoarn 7.30 klear stean om evt mei in excursie mei te gean nei Berlijn of Rostock. Lokkich werd it Rostock, dat wie in excursie fan 4 oerkes, dy fan Berlijn is 12 oeren! Kaam ek omdat it 3 oeren riden wie nei Berlijn fanof hjir. Uteindelijk koe ik om 8.45 mei nei Rostock.
Ik hie gjin idee wat of wer it lei en wat dr te sjen wie. Mar what the heck, ik stap gewoan yn de bus haha. Myn manager soe my hjoed allinich mei litte mei de excursie. Dat fun ik hielendal net erg, dan ha je ek net ien dy telkens oer je skouder mei sjocht. Rostock wie wol in moaie sted! Echt oastblok sted dat wol. Mar ek noch hiele alde gebouwen! En de gids hie erg interessante ferhalen oer de muorre etc. Ik koe tiidens de excursie de dingen filmje etc. Bin beneid wat myn manager der fan fynt. Krek bin ik hjir yn Warmunde even trocht doarp hinne run. Ha ik my der noch even best foar lul setten! Hele terras lei dubel der! Ik run der lans de kade by alle winkels en teraskes lans. Ik wie djip yn gedachte en lette net echt op wat dr om my hinne gebeurde. Ik seach wat wyts yn myn eachhoek krek as in standbeeld. Mar net echt iets wat myn oandacht luts.. Oantdat ieniens dat beeld begon te bewegen en my by myn skouder pakte! Ik skrok wol sa ferskrikkelijk dat ik it letterlijk utgilde der oer de boulevard!En der selfs in lyts spronkje nei links bymakke, fuort by it beeld wei. Al de terassen leien der helemaal dubel! En myn kop wie knalread! Ik wist net hoe snel ik trochrinne moest. Ik koe dy fint wol wat dwan hahaah. No wer een op it skip... jun video training fan george de manager. Bin beneid.







  • 20 Juni 2012 - 13:30

    Jildert:

    Haha gekke martsie!

  • 20 Juni 2012 - 17:29

    Marije:

    Hahahaha die fien ik grappig! Seach t al helemaal voor mij! Krekt as mei die slang ien thailan. Moest ik ik erg om leitsje!

    Maar do fermakkest dij wol zeker! Super man! Lekker fan geniete!

  • 20 Juni 2012 - 18:00

    Tamme En Lutske:

    Wat belibbest in protte yn in lyts skoftsje tiid super en dit is noch mar it begjin ,fijn datsto it sa nei't sin hast. en dyn kontakt mei dat beeld wat in grap Martsen soe Martsen net wêze en fêst ek net dyn lêste Flaterke .Hé faam oan't in oare kear
    Groetsjes fan ús

  • 20 Juni 2012 - 19:21

    Ankuhfankuh:

    We bin wer op'e hichte, leuk om te lesen datst dy fermakkest!
    Sukses der!

  • 20 Juni 2012 - 20:00

    Hessel:

    dat wie wer in moaie binnenkommer mei dat stanbild krekt wat foar dy geweldig

  • 20 Juni 2012 - 20:49

    Douwe Pen:

    Jer ut wol! Best neij ut zin

  • 21 Juni 2012 - 06:26

    Annie:

    Jeetje wat sjogge je dan in soad! Sjoch it hielendal foar my mei dat standbyld! Haha
    Hast dat ek filme tafallich? :P

  • 21 Juni 2012 - 15:24

    Mem:

    Hoi Mats

    No dit is us Mats, sa kinne we dei wer.
    Dit wie suver wol wat in peace of cake,
    sa as ien Thailan.
    Fermakkest die best, sa te leazen.
    Nog mar krekt fuort, en al safolle iendrukken.

    Dikke tut
    Mem

  • 22 Juni 2012 - 17:31

    Lutske:

    Hahahaa. It sil ek net oars. Leuk dast allinnich al yn Dútslân sokke yndrukken op dochst. Heel folle plesier! Bin ek wol benijd nei wat fan dyn filmkes. Miskyn nei dyn reis in dvd mei bloopers? :)

    Xxx

  • 24 Juni 2012 - 16:36

    Jehanne:

    Annie hie my al ferteld oer dyn "oanfarring" mei it standbeeld, mar ek moai om it sels te lêzen.
    Is it no de Kieler Woche, of hat dy al west, want dan leit Jehanne fan Hinke en Willem dêr ek mei in skip.
    Wol grappich ;)
    Hey súkses mei dyn filmkes en in protte wille!

  • 26 Juni 2012 - 14:53

    Beppe:

    Hoi Mats
    Ik bin joed bij jim Mem op de jierdei,Ik he krek dien ferhalen leazen, mooi dast it neit sin hast, en Hyacint woe self ek wolris mei, ha ha, ik ha nog wol in kreas jurkje,mar geniete , en in dikke tut fan Beppe

  • 26 Juni 2012 - 16:04

    Dyn Broer&skuonsuske:

    Hey tante Matsie,

    Sa te lezen giet t allegeare hartstikke goed mei dy&hast t goed nei dyn sin No gelokkig mar.

    Wy bin hjoed foar de utgebreide (20wiken)echo west fan us lytse sprut. No sa at se alles besjen koen liket t allegeare hartstikke goed Niks ferontrestends. Dus das n hiele opluchting.

    Jammer at wy dy nog neat sjen litte kinne Mar at we aanst skype hawwe dan gelokkig wol Sa kist der toch nog een bietsje by weze.

    No frou, sa lit we t earst mar wer fkes. Do nog mar n hiel protte wille En we heare gau wer es fkes. Dan sil wy no nog fkes preaste op jim mem har jirdje

    Dikke tut fan us!!!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Amsterdam

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 213
Totaal aantal bezoekers 32758

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: