In the Jungle the mighty Jungle - Reisverslag uit Chiang Mai, Thailand van Martsen Bij - WaarBenJij.nu In the Jungle the mighty Jungle - Reisverslag uit Chiang Mai, Thailand van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

In the Jungle the mighty Jungle

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

15 Oktober 2009 | Thailand, Chiang Mai

Sa.... Dat mei ik no gerust sizze.. Ff bekomme, want we ha my toch in reis makke troch de jungle!!!
Ik sit no yn internetcafe net in aldere man dy nei youtube sjocht. En undertusken fjil ik bijna al myn spyren yn myn fuorten au roppen! We binne tiisdei of setten nei de jungle. We werden oppikt troch in buske wer 12 minsken (krapoan)achter yn koenen sitte. Der siten no stik of 7 franzosen. Dus dat wie minder, want dy lui prate3n allinich mar frans mei elkoar. Undertusken wienen eelke en ik oan it rieden wer it oare koppeltsje wei kaam. Ik tocht earst duts, doe engels. Mar it bleek zwitserlan te wezen. We merkten al gau dat de fransen it hiel goed mei elkoar koenen fine, mar wy reden us wol mei de switerse lui. WE wienen san 2 oeren underweis, mei in oantal stops by in markt en een flindertun. No dy tun stelde net safolle foar. De fransen hienen in pude fol mei insecten kocht. En we mochten allegear ff probearje. No ik wees it ljouwer of, mar eelke woe wol ff probeare. NO mat ik sizze,... it wienen ek beste insecten! Dy sprinkhaan seach my raar oan!Mar klear op nei de bergen. We stopten earst by in olifantenfarm. Der gongen we op de olifanten riden. Dit wie wol moaie ervaring. Ek al fjilt it wat dubel, omdat je se ljouwer yn it wylt sjogge fansels. Dernei gongen we iten en sei de guide dat we ungefear 3 oeren rinne soenen. NO dat klinkt fansels net sa raar. Dus earste stik gong harstikke moai, ik fanatiek foarop mei eelke. Oant we by de wetterfal kamen. WY der even utruste. Toen fertelde de guide dat we sa wat dregers foar de boech hienen. Se namen de twa bergen dy wy beklimme soenen: Oh my boedha en de twadde berg o my god.Dat seit opsich a genoch oer de bergen. NO ik ha wit ik net hoe faak o my god yn myself sein doe we de berg beklommen. Ik we kompleet oer myn hichtefrees hinne, want it yniche wat ik betinke koe wie sa gau mogelik omheech komme. Mar ja at je sulke seare poaten ha, dan giet dat net sa hurt mear.
Ien kear healwei de twadde berg sei de guide tsjin mei, at ik dit elke dei die, dat ik dan krek sa tin weze soe as in koreaans famke wat der siet. Ik leitsje fansels, en ik him fansels fregje at hy dat dan no al net fun:P Koe der wol om leitsje. Merk echt oan de taise minsken dat se in goed gevoel foar humor ha.SSe maaie dy graach ff pleagje en fine sarcasme ek prachtich. Sjoch der hald ik wol fan!Mar goed, fjirder de berg op. Leste stik wie dreech, mar natuurlijk ha ik it helle. it utsicht wie werkelijk prachtich! We sieten san bytsje op de heechtste berg der en koenen alles moai oersjen.We kamen der yn in doarpke mei bergbewenners. Sieten ek in soart minsken ut tibet hjir. Se hienen der wer in oare taal as tais. We slepten yn ien grutte hut mei syn 12en. De matraskes wienen ferskrikkelijk. It is te fergelykjen mei de tunstuollen kessens dan iets breder fansels.
Mar dat lei dus net echt lekker. Koe fansels wer net sliepe en moest om in oer as 11 nei de wc. Mar se ha der fansels gjin electriciteit. DUs ik myn tillefoan midden yn de nacht opsykje en oandwaan. En it wie in wunder, ik hie der selfs beryk. Dus ik tink dat kin ik ek moai noch ff smske fersjoere.Mar klear koe fansles net sliepe mar doe ha ik in skoft gewoan lekker allniich buten sitten, fan it utsciht genoten. Want dat wie echt moai. Koest de stjerren hiel dudelijk sjen en de melkweg zelfs.FDernei toch mar wer in poging dwaan om te sliepen. Dat slagge opzich wol wat, mar wurde telkens wekker en dan wer sliepe. Oare dei om 8 oere fan bed. En op nei de folgende wandeltocht. DIt kear gruttendiels nei beneden. Dit wie ins tik makkelijker, mar at it wat gled wie, wie it ek noch wol wat gefaarlijk. Mar klear ik ha my der wer ut reden. Undertusken ha we san 2 grutte wetterfallen sjoen. En binne we langs de stroming mei run.Dit wie oer de rotsen en dat gong al wer in stik soepeler. Op in gegeven momint seachen we wer twa hutsjes stean. Dit kear middenyn de jungle fan thailan nest it stromende rivierke. It wie hjir hiel oars as de earste nacht, mar ek prachtich. Undertusken wienen dy moarn 2 kanadezen by us groep kaam. Der wienen we eins wol bliid om. Dy koenen we tenminste ferstean! WIenen hiele aardiche lui. De switserse lui wienen binnen ynm de hut west en dy begonnen wat fremd te razen en te roppen. De fransozen wienen ek wat fremd oan it roppe. Toen kaam ien fan de switserse lui buten om de fertellen dat it in spydervillage wie binnen yn us sliephut. Ik tink, dat sil toch wol wat mei falle. TOt dat we dy juns dus echt in gigantsiche spin der seachen sitten! Pff dat wie net best. Dat binnee we yn us moaie fryslan net went! Eelke fun it in goed idea om him te fangen samen mei ien fan de fransen. Mei in heale fles en in stik karton fong hy de spin. Allinich wie de spin troch dit ungefal syn poatsje kwyt rekke, dat wie wat sneu. Mar no koenen we wol moai sjen hoe de spin der fan tichtby utseach. NO it wie idd in joekel! We freachen eelke at hy m sa fier mogelijk by de rivier der ut woe litte. Mar ja, lit dy m san 4 meter fjirder der al ut! Naja nei myn idea ha ik m net wer sjoen, dus dat skilt dan wer.
We ha dy jun noch in skoft mei de kanadezen en switzersen sitten by it kampfjoer. ik freache at eltsenien ek in leuke lokale mop koe fertelle. En dat wie eins hiel grappich. Dernei toch mar wer op bed. Ik wie noch steads wol hiel bang foar de spinnen, mar sallang de klamboe goed siet, wie der net safolle oan de han. Tenminste dat tink je dan. Ik hie fansels de tas wer net goed under de klamboe lein, dus se koenen mei alle gemak sa lekker yn myn bedsje kroept weze. Gelokkich wie ik sa wurch dat ik wol gau yn sliep bin fallen. Pear kear wekker west, mar it wie wol fol te halden. Oare dei wie it 9 oere doe we fan bed kamen. Dernei fjirder lans de rivier rinne richting de rafting boaten. Der oankaam sei ik noch tsjin eelke dat hjir de stroming wol hiel hurd wie! Mar ienmaal yn de boat wie it echt geweldcih! Gong sa moai as wat! Fleinen der mei syn allen de rivier of! Nei in heal oere gongen we fjirder op in flot fan bamboe. Dat wie ek wol moai, gong wat minder snel, mar koenen no moai fan de natoer geniete. En dat wie eins de reis fan de trije dagemn yn it kwart. Want we ha echt safolle sjoen en dien, mar dat is tefolle om op te nimmen. En dan wurd it ferhaal sa lang no!

No ik sil noch ff besykje wat fotos der op te setten.

Oant sjen!

  • 15 Oktober 2009 - 14:37

    Luts:

    Hoooi Mats!

    Super die jungletocht! Dat is it echte wurk! Allinnich die spin... Brrr! Jim binne alwer in oaral wyke fuort! Gier hurd hear! Dat babyolifantsje is natuerlik heeeel cute :D Hihi. Nou, geniet der noch mar fan! ('No it noch kin' seinen Annie en ik dan, haha).

    Tut, Luts

  • 15 Oktober 2009 - 16:03

    Heit:

    ik soe ek noch wolrus sa n forkansje ha wolle.
    dat lyket mij machtich
    ik bin suver wol in bytsje jaloers ophjim
    genietsje der mar
    lekker fan mats
    gr heit

  • 16 Oktober 2009 - 13:25

    Jehanne:

    Moai ferhaal wer, Martsen! Binne we wer hielendal op de hichte fan jim belevenissen..

  • 16 Oktober 2009 - 16:39

    Mem:

    No jim beleefe wol wat mei die spinnen en de slangen, mar ja die binne der no ienkeer, Bin benijd wat de reis jim fierder nog bringt.
    Oant no ta is de reis wol slagge

  • 18 Oktober 2009 - 19:08

    Mirjam:

    Wat in avontoer wer juh! Krekt wat foar dy....niks foar my!!! BRRRRRRR Nei san spin hie ik de luken net we ticht dien Jakkes man! Mar je sille in e jungle wol wat hurdsje of sa tink...Ik fin stoer hjer! Mooie fotos ek!! Op nei it folgende ferhaal!!

    Groeten Mirjam.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 312
Totaal aantal bezoekers 32775

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: