Snake farm - Reisverslag uit Chiang Mai, Thailand van Martsen Bij - WaarBenJij.nu Snake farm - Reisverslag uit Chiang Mai, Thailand van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

Snake farm

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

11 Oktober 2009 | Thailand, Chiang Mai

So, nou dus hjoed even nei de snakefarm hienen we fannemoarn by it ontbijt mar s betocht. We tochten dat it net sa fier soe weze mei de tuk tuk. Mar de man sei dat it us 400 baht gong kostjen. Wy tochten dy man is gek wurden, fjisten te djoer! Mar it bleek dus nogal in stik te riden weze fanof chaing mai. We ha dan ek 8 euro betelle foar hinne en wer werom, foar in reis fan dik oere yn totaal:p Ja ja, dienen se dat hjir ek mar. Koenen we moai mei de taxi nei grins ofsa en dan foar in pear sinten wer snachts nei hus mei de taxi. Mar helaas.
Goed wy nei de snake farm. WIe best leuk. Ha earst ff runstrunt op de farm. En der sieten dus ferskeindene snakes yn de hokken mei gaas. Siet dus gjin raam tusken. De cobra wie aardich aggressief. Werden dan ek in pear kear oanfallen, mar gelokkich siet der gaas tusken. Dernei hienen we in foarstelling. Dit wie net best! Se gooiden earst de ' spitting cobra's' yn de bak. Ik siet dapper op earste rij, mar feroare al gauw fan bankje toen de cobra myn kant op kaam krupen. Eelke wie ferstandich en hie lyk al besluten dat een bankje heeger better wie. Undertusken fun ik it mar at te spannend! De man werd hast in pear kear byten troch de cobras en as of dat noch net genoch wie, gong hy se ek noch tutsjen. Dernei kamen de pytons. Deze wie behoooorlijk grut. No wit ik wol dat se net giftich binne. Mar se kinne derom noch wol byte!!! De man kaam fansels wer myn kant op mei dat beest. En dat beest lonke my oan as of der klear wie om my te bespringen. Hup! En noch mar in bankje nei achteren. Undertusken dus twa bankjes nei achteren gong. De mannen hienen it grutste plesier. En sadra ik my wer wat better fjilde gong ik wer in bankje nei beneden. OPiens fjilde ik wat under myn kuten!!! Ik skrok in bytsje en jaaide it mei myn hannen fuort. Wie it yn fan dy snake mannen dy mei in stokje my oan it pleagjen wienen. De man koe hast net ophalde fan leitsjen. Goh wat grappig! Mar it werd noch folle erger. De man mei de mic kondigde oan dat se no toch in spectaculaire slang lieten sjen! It wie ins lang die wol 4 meter springe koe. En se hienen undertusken de bak al iepen. En se wienen mar drok yn de waan om dat beest der ut te heljen. Ik seach al even in flits fan it beest. Mar foardat ik it wist.... Flein der dus werkelijk een slang yn myn richting!!!! Sterker noch, hy foel boppe op my! En dit wie in giftigen ien. Ik wist hoe myn gil hat klonken, mar fast iets as of myn leven der fanof hong! Ik sprong oer eelke hinne foel fan it bankje wer werom op it earste bankje. Undertusken hie it publyk in hiele soart lol! Ik koe wol janke! Mar ik kaam fansels tot de beseffing dat it net hielendal echt wie. haha. it wie gewoan in stik tauw. No hiest toen de mannen leitsjen sjen matten! Ergens funen se it leau ik ek noch wol wat sneu. Nou goed, ik ha toch ek noch wol hiel erg lake, want it hat der hieeeeel stom utsjoen. Krek as of in seahun op it droeche sa gau mogelijk it wetter op syket.
Ik zucht no selfs wer by it idea dat it gelokkich net echt wie.
By butenkomst stun us tuk tuk man noch keurig te wachtsjen en binne werom gong. We kamen bekenden tsjin fan de kroech en ha der letter even de sundaymarket mei run. Der wie in soart!!!! Kosset der werkelijk niks. Hast in zijden sjaal foar 3 euro. En dat binne gjin skyterigge sjaaltjes.
Der mat ik dizze wike noch mar wer s even sjen.
No oant sa fier. Moarn witte noch net hielendal wat we by it ein ha sille. Mar iig ff swemme en taise massage. WIe in oanrider fan us butenlanse freonen. Bin beneid!

Oant hores!

  • 11 Oktober 2009 - 18:23

    Ami:

    Hey Martsen!

    Wer in moai ferhaal en avontuur!

    Groetsjes ut Raerd

  • 11 Oktober 2009 - 20:52

    Klaas:

    Ha die Mats, moai ferhaal! Wij ha juster efkes te roeienwest yn A'dam. Dames team hat de sneins edisje fan de Telegraaf noch helle! Prachtige foto!

    Groet ut Baard

  • 11 Oktober 2009 - 22:11

    Mirjam:

    Ha ha ha!!!! Wat in moai ferhaal!!!
    Ik nim oan dat dit net in gefal is fan: "Gelukkig hebben we de fotos nog"? Ik hie dit wol sjen wolt! hahaaaa!!! Tot laterrrrr!!! Groetsjes Mirjam!

  • 12 Oktober 2009 - 07:15

    Jehanne:

    Dat se dy no krekt wer útsykje foar sa'n grap:(

  • 12 Oktober 2009 - 08:25

    Lutske Leemburg:

    hoi Martsen

    wat in grizelferhaal mei die slangen en kakkerlakken mar kakkerlakken wenne miskyn wol ,want dit wie fêst net de lêste.
    no de bergen yn ? klinkt moai genietsje der fan. groetjes Lutske

  • 12 Oktober 2009 - 12:03

    Martsen:

    Ja ik ha neffens my wlol oan it opnimmen west mei de camera. haha

    En seach de foto idd! Harstikke cool! HOe ha jim roeit klaas?

    tut

  • 13 Oktober 2009 - 14:24

    Annie:

    Sa, ha my wer efkes by-lezen mei dyn ferhalen! Leuk jong! Hie wol sjen wollen hoest foar dy 'slang' oan de kant sprongst hahaha
    Hoe wie de track dy't jim hjoed dien ha?
    Leuk om mei minsken ut oare lannen te praten he?

    No genyt derfan!

    Tut!
    Annie

  • 15 Oktober 2009 - 09:01

    Nynke Wergea:

    Hahah!!!

    Wat een pracht verhaal!!
    Zou een grap van mij kunnen zijn.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 146
Totaal aantal bezoekers 32779

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: