The final curtain - Reisverslag uit Phuket, Thailand van Martsen Bij - WaarBenJij.nu The final curtain - Reisverslag uit Phuket, Thailand van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

The final curtain

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

26 Oktober 2009 | Thailand, Phuket

It einde sit der foar us oan te kommen. We binne hjoed ofsetten nei Phuket wer we san 2 nachten sille ferbliuwe. Juster ha we op Phi Phi ek noch in super moaie dei han. We gongen mei in longtailboat mei te faren. Dy brocht us nei ferskeidene lokaasjes run it eilan. Wer under dus it buureilan Phi Phi Lee, wer the beach is opnaam. We meosten der om 11 oere weze by it toeristen bureau wer we oppikt werden troch de bestjoerder fan de boat en de rest fan de toeristen dyt ek mei gongen. Hy frege nei us kaartje en it wie fansels net de earste kear dat we us kaartje ferjitten wienen. Toch wienen se sa fol fertrouwen dat we mei mochten. Earst gongen we nei monkey beach. In prive stran nest de rotsen noch op itselfde eilan wer we al sieten. Der wienen ferskeidene monkeys. En om no hiel earlik te wezen... prive wie der weinich fan te merken. Want nest dat wy der mei 12 man wienen, wienen der wol san 15 oare longtail boaten dyt ek mei 12 man wienen. Koartom: it wie der smooooordrok. De aapkes leken it net erg te fynen, sallang se mar wat te fretten krygen. Doe kaam der in speedboat oan, mei noch folle mear toeristen. En dy bestjoerder fan de boat fun it nodich om de beesteje cola te litte drinken. Ik hie it behoorlijk han en we gongen samen mei us hele groep demonstratief by de boat stean, sadat we gau fjirder gongen. En gelokkich begrepen se dat. Doe gongen we in hiel ein faren!! Pff it hiele eilan foarby en dan noch in hiel stik. Tink dat it san oere faren wie nei dat eilan. De hinne reis wie it noch wol grappich mei de golven. oant dat we opiens it hiele eilan net mear seachen! It eilan befun sich yn in tropische reinbui. En al gau hie dy us ek fun. Dit wie opzich ek wol wer in ervering opzich. De swiete rein swarge der foar dat it sea wetter no eindelijk ut myn eagen gong. mar ik wie helemaal oant de grun ta wiet. Doe we oankamen bin ik gelyk it wetter yn gong om te duken. Dit wie no hearlik warm! It snorkeljen wie btw ek geweldich! Net sasear op dit eilan mar fjirder op wol. We gongen nei in oere fan dit eilan of richting phi phi lee, wer de film is makke. Dizze reis wie echt te lang mei dy rotboat. Ik hie it smoor yn. Ik wie kald en alles wie seik wiet! Myn mule wie ferbrand en lei in bytsje iepen, dus elke kear at der sea wetter yn kaam die dat behoorlijk sear. En dat gebeurde eins kontstant. Nei in dik oere kamen we eindelijk oan by phi phi lee. En it wie seeeeeker de moeite wurch! We kamen yn it soart baai, wat werkelijk adembenemend wie. Werst omringt troch helderblauw wetter en hege rotsen om dy hinne. Prachtich! De boat stoppe opnij sadat we der koenen snorkelje. Ik hie undertusken aardich de smaak te pakken en wie der as in gek oan it snorkeljen. It wie unfoarstelbaar moai rif en moaie fisken. Fan swart oant pears, en fan rose oan gestreept. Gelokkich gjin haaien sjoen, want dat hie ik dochs wol in bytsje eng fun. Wol fansels sea egels en san hele lange fisk mei appart snutsje. Yn de takomst wol ik dat seker faker dwan. Nei in dik heal oere wie it de bedoeling dat we eindelijk nei maya beach gongen, the beach! Ik seach der hielendal nei ut. Oant dat de man sei, jim matte hjir utstappe en dan troch it wetter en dan oer it lan fjirder. Ik bale, want we koene op dizze manier net myn camera mei nimme!!! Dus helaas pindakaas, gjin fotos fan maya beach! Mar it wie echt.... Echt precies itselfde as de film! Net normaal sa moai! Sjochst it stran foar dy en dy is dan omringt troch de rotsen en in baai yn it midden. It wetter helder blauw en it stran wyt. Seachst hjir ek dat de tsunami goed hie hushalden. Alle alde palmbeammen wienen fuort. Se hienen der allegear lytse palmbeamkes delplante. Mar goed it wie seker de moeite wurch nei san tocht mei de boat. Dernei gognen we werom nei us eigen eilan. Lekker betiid op bed gong, want we moesten de oare dei njoggen oere op de boat sitte nei phuket. Dat ha we dan hjoed ek dien. Eelke lei noch lekker te sliepen yn de boat, mar dat slagge my net hielendal. Pas yn it hotel ha ik my even heerlijk dellein. We sitte yn phuket town. Dus net oan de kant wer alle toeristen op it stran sitte. We ha hjir noch net safolle toeristen sjoen. We ha krek even by de vegetarian market west. Wie ek wol in belevenis. Gelokkich ha ik no net fan dy taise minsken sjoen dy sichself gongen bewerken mei skerpe dingen. Hoewol dat wol op dizze markt gebeurd. Der is in soart fjoerwurk en alle minsken rinne yn it wyt. De taise minsken rinne oer fjoer (hoewol dit gewoan in plankje is wer kearskes under brane) en gooie dan hun wierrookstokjes yn in bak. Tink dat dit in soart segening ofsa is. Derneist merkte ik op dat de minsken op de fjoerpylken dingen sette mei in pen. Tink dat dit ek in wens is ofsulkiets. Ach soms soe it ferkekte handich weze at der ien wie die us even koe gidse;)
No moarn sille we even nei de markt en miss moarn te jun even nei de bios hjir. En dan wurd it wer tiid foar de safolste flucht, leau de fjirde undertusken. En dy giet nei bangkok, dus dat komt hielendal klear.

No jim hearre fan my!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 273
Totaal aantal bezoekers 32786

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: