" the Beach' - Reisverslag uit Bangkok, Thailand van Martsen Bij - WaarBenJij.nu " the Beach' - Reisverslag uit Bangkok, Thailand van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

" the Beach'

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

21 Oktober 2009 | Thailand, Bangkok

hey iederien, so... it hat even in pear dagen duorre foardat ik wer op internet koe. Want we ha wer in hiele wereldreis makke mat ik sizze. We binne san 5 dagen lyn fertrokken ut chiang mai, en dernei binne we hielendal nei it suden flein. Krabi kamen we oan. Der werden we gelyk al wer best naait troch de toeristenbureau.Naja, we ha gewoan in soart betelle foar in reis wat aardich goedkeaper koe wannear je mei de bus wienen gong. Mar klear, we gongen mei dy man nei pak meng, der soenen we oerstappe op de fearboat.
Ik hie yn de auto leuke discussies oer geloven en begravenissen ensa en wat no de grutte cultuurferskillen wienen. Eelke hong tsjin it raam wat te sliepen. Hy koe us discussie leau ik net wardere. We binne dernei nei op de boat stapt. It wie in longtailboat. Dy sjocht in soart by de kust. It wie in lange reis mei de boat! We ha san oaral oere yn de boat sitten., En seik wiet dat we wienen. Uteindelijk kamen we oan op koh muk. It wie werkelijk in prachtich eilan. En we moesten utstappe yn sea by it stran. Dus ik wie aardich seik wiet en undertusken begon it alwer donker te wurden. We kamen der al snel achter dat we de ienigen op it eilan wienen sawat. Samen mei noch 12 oare toeristen. It wie der echt in deade boel. We hienen wol in prachtige hut en in geweldich utsicht en sawat it hiele stran foar dyself. We ha de earste dei even nei de oare kant run. Kamen lans in doarp dat tusken de mangroven sit. En in bende dat it der wie! Hun huzen stean op peallen, mar it is in dikke bende om it hus hinne. Oeral fuilnis. We funen it in wunder dat we sonnebrand hienene fun. En dernei gngen we werom nei us resort. We ha op stran in imposante sankasteel makke om sa it wetter tsjin te halden. Der stoen selfs in man by te sjen! Hy tocht fansels wat ha dy bern dit moai dien:p Mar dy grutte bongels wienen yn it san oan it boatsjen;)
It kasteel hat it uteindelijk net oerleeft. De dei dernei binne we lans it wetter oer de rotsen klom. En op in gegeven moment hearde ik wat ut de boskjes fallen. It wienen twa faranen!! Se wienen wol in meter grut! Eelke wie te let om se noch te sjen, want ik ropte fansels mei myn skellud eelke dat die moest komme. Mar ja, der binne dy beesten fansels fan skrokken. Nei twa dagen en trije nachten hienen wy wol skjin us nocht fan it eilan. En ik hie min of mear toch it gevoel dat we werom nei krabi moesten, sadat we nei ien fan de meast populaire eilannen koenen gean. Koh phi phi. Phi Phi is it eilan wer leonardo dicaprio spyle yn the beach. It echte stran is yn it echt in eilan, wer gjin minsken wenje. EN it leit neist dit eilan. We sille der moarn sjen. No toen dus wer werom nei krabi, dit kear de goedkeape wei, fia de bus. WIe ek wer in belevenis, lit ik it sa sizze. Taise karaoke dvds yn de bus rules! Haha ha myn dea lake om de clips dyt se hjir meitsje. Allegear itselfde. En de taise popstrjerren binne no net bepaald stoer ofsa;) Op it ein fan de twa oere duorrende rit, wie ik blij dat we noch heel wienen oankaam. Want ynhelje giet hjir sear makkelijk. Gewoan foar de bocht of in heuvel even ynhelje. De oare kant remmet fansels wol of. Pfff ha der al ff in stik of 5 kear oeryn sitten at we it dizze kear optiid helje soenen. Net te folle op lette dus. Doe gongen we dus nei phi phi. Duorre ek twa oeren mei de boat. Miende dat ik dolfijnen yn de fjirte seach swemmen, mar eelke sei dat ik spoken seach. Sa miende ik iens yn denemarken ek al s pinguins te sjen. Wienen it gewoan swarte fugels op in rots:P Mar goed, at je it tinke is it hast even moai as wannear je it echt sjogge. No der kamen we oan op phi phi. Follllle toeristischer natuurlijk. EN ek djoerder! Mar klear it is in prachtich eilan en it binne allegear kroegen. We troffen sweeds famke oan by in hotel en sij riede us har hotel oan. En die is idd best ok! Dus we sitte hjir alwer hast twa dagen. En we ha juster moai feast han. We binne mei de sweedse utieten west, wer we werden fergezeld troch in bodybuilder dutser:P Dernei swier op stap yn de sted. Eelke koe net sa best oer de drank, want die hie m al gau om. En woe nei hus. Mar ik tocht ik bleau noch ff. Dus ik bin mei de dutser en de twa sweedsen op stap west. Wie echt ingeweldige jun! Toen ik eindelijk nei hus run om in oer as 5 wie ik fansels hielendal ferkeard run. Us hotel is san kilometer of ien twa fan de pier. Wer je dus mei de boat oankomme.. Ik miende dat ik der al hast wie, mar kaam dus ut by de pier!Pff ik hie al sulke seare fuorten. Ik frege de taise mannen at ik even by hun mocht sitte. En dat funen se goed. Ha der san oere sitten mei in tai. Hat selfs noch ff in blikje heineken foar my helle. haha We hienen it even oer de tsunami. En hy fertelde my dat hy precies wer wy sieten hy sich op dat moment befun toen it gebeurde. Hy is swemmend klauterend nei boven klom. Wer precies wit ik net, mar dat is wol heftich. Sjochst hjir nocgh steads wol wat dingen die oer binne fan de tsunami. Sa is der in hele heuvel vol mei rotsooi fan huzen wer dus no oare bungalows op bouwd binne. Mar klear, op in gegeven moment woe de man witte welk hotel ik siet, want hy woe mei wol ff mei de boat werom bringe. (binne gjin autos of taxies of brommers, allinich boaten as taxis) Hy wie eigenaar fan san boat. Ik wist de namme net mear fan it hotel natuurlijk. Erggg handich. Mar klear it lyke my sawiesa net san goed idea om midden yn de nacht it wetter noch op te gean mei in tai die ik net kin. Dus ik sei dat ik rinnende soe en dat ik wol thus kaam. Ha elkoar de han skuodde en bin fertrokken. Mei de belofte dat wy goedkeap nei 'the beach' koenen at der us brocht;)
Mar klear, ik moest nei hus. Koe it fansels wer net fyne. OP in gegeven moment wie ik yn de getto fan phi phi. Kaam noch in hollander tsjin en ik wist my oipiens de namme fan it hotel te herinnerjen. Hy wist wer ik hinne moest en al snel koe ik myn hotel wer fyne. Hjoed ha we lkker op it stran lein mei us sweedse freondin. Erg gezellich en sa sille we even wat ite. Moarn hopelijk dus even nei it oare eilan wer dus the beach is fan de film. Mat echt hiel moai weze! Dus bin beneid.
Ik sil no wer ff stoppe, want it is hjir seker net gratis om te internetten.
We prate letter!

  • 21 Oktober 2009 - 10:57

    Heit:

    nou binne wij hwer op e hichte wy wiene wol wer hiel nijsgierichhoe t it wie

  • 21 Oktober 2009 - 11:35

    Ilse:

    Geweldig verhaal!! Heb me rot gelachen!!!! Veel plezier en groetjes aan Eelke!

    xxx

  • 21 Oktober 2009 - 13:14

    Nynke:

    hahaha matsie toch wer oant verdwalen haha!goed luistere nei dyn alders dy voreger vast ek seinen net mei fremde minsken mei he?!!
    nou genietsjke nog eefkes lekker!!
    xx

  • 21 Oktober 2009 - 16:02

    Jehanne:

    Hasto wol sa'n plaatsje om 'e nekke mei dyn namme;)en sa?
    Hey en noch in protte wille!

  • 22 Oktober 2009 - 10:05

    Beppe:

    Bin joed bij Hessel en Riemke, en iete lasagne, krekt dien ferhalen lezen,wat sjochst der in soad, mar wol fersichtig weze, fanmiddei nei Hielke die is jierdei,in soad wille, en soen thus komme jer,
    dikke tut Beppe

  • 22 Oktober 2009 - 14:00

    Annie:

    Hee Mats! Wat in belevenissen wer!! Rinne je allinnich yn it donker yn in unbekende sted!
    It sjit no ek alwer op! Nim it der noch mar even fan! En lekker brun wurde, dan stekst aanst lekker by de rest of yn Muiden!!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 1368
Totaal aantal bezoekers 32777

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: