Tenerife - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu Tenerife - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

Tenerife

Blijf op de hoogte en volg Martsen

23 Oktober 2012 | Portugal, Lissabon

Nij team

Sa ha ik dan dik fjouwer moanne wurke mei itselfde team. Asep, Saskia, Daria en George. Spencer kaam der wat letter by. Saskia wie al fuort en Daria en George bin krek fuort gong ofrune Rotterdam. Dat besjut dat ik en Asep noch oer binne fan de alde garde. Asep giet oankommende Rotterdam fuort. Spencer hat it stokje oernaam fan George, dat besjut dat hy no us manager is. Falt my tot no ta net of, mar it is altyd wer even wennen. Hy mei nogal graach discuseren en ik eins ek wol haha. We ha dan soms ek best wol hevige discussies werby ik him it bloed under de nagels helje en visa versa.
Net dat we dan ruzie ha, mar sa kinne we dan discussies ha oer fanalles en noch wat. Sa as foarige kear oer Engelan, Skotlan, Wales en Noard Ierlan. Stom fan my om mei in engelsman yn discussie te gean oer dizze landen. Ik sei namelijk dat wy Nederlanders Engelan wol s wat oer ien kam skeare. Wy sizze dan we gean nei Engelan, wylst Engelan natuurlijk opsplitst is. Dit leaude hy net dat wy dat sizze en der ha je dan in discussie oer haha. Mar fjirder no hard feelings dat skeelt dan wer. We ha no in 4 man team, dus wat minder minsken as oars. Opsich rede wer it prima mei syn 4en en it nije famke liket ek wol aardich. Miskyn net it grutste ljocht, mar dat hoeft ek net.
We ha dizze cruise wol in moaie iternary sa as se dat sizze. Dus moaie oanlisplakken wer we komme. Earst Lissabon, juster Maderia twa dagen, hjoed en moarn Tenerife.
En dan gean we noch nei lanzarot, gran canaria, marrocco en dan leau ik wer werom nei spanje. EN dan is de folgende cruise... Ja ja, caribische eilannen! Jihooe! Dat liket my suver wol noflik.
Undertusken mei ik trouwens wer op tours, nije managers is stikkkkkkkkeeeeennnn leuker as de foarige. Dus dat is wol wer in hele opluchting.
En hjoed mocht ik sammer op it matsje komme by de safety officier. Wy ha ien kear yn de moanne in safety training buten. Dan matte we nei it buten deck mei us swemfesten oan wer us oanwesicheid dan checkt wurdt. Bist der net, dan kinst kans ha op in sogenaamde PIN. Personal Improvement Notificatoin. Wat dus ynhald dast dus gewoan in warskoging krijst en by de tredde warskoging meist nei hus.
Dus der sit je net op te wachtsjen, aangezien it net sa moeilijk is om hjir in PIN te krijen. At in passagier ien oft oare domme klacht oer dy hat, dan stiet dy altyd yn syn of har foardiel. Dus hast sammar in PIN oan de kont hingjen. Lokkich giet dat oant no ta hartstikke best en ha ik der noch net ien. Mar bijv. myn housekeeper hat der al twa fertelde hy. Omdat der by inspectie de skjinmakke keamer undersocht werd. En hy hie in plakje ferjitten fuort te poetsen op it douchegedyn. Dat bin wol lullige dingen.
Mar om wer even werom te kommen op myn ferhaal. Ik wie juster net op myn safety drill west omdat ik gewoan net op it skema sjoen hie wannear ik wer moest. Normaal sette George us alde manager dat wol op us dagelijkse skema wat we foar us wurk krije. Mar Spencer docht dat dus blykbar net wertroch ik juster dus gewoan oan it wurk wie op excursie doe ik juns dus kryg te hearren fan Spencer dat dy in mailtsje krigen hie fan de officier dat ik net oanwesich wie. Der stun yn dat ik fanmoarn om 8.30 my melde moest op de brege op syn kantoor. No bin ik net sa benouwd foar dizze officier, ik kin dizze skots fintsje sa yn de buse stoppe,mar jammer genoch hat hy mear strepen op it skouder dan dat ik dat ha. Ik kaam oan op deck 7 wer dan de brege sich befynt. Ik seach al twa bange indonesische gesichtsje fol ferwachting nei my sjen doe ik binnen kaam. Ik frege at sy ek juster net op de drill west wienen en jawis sy wienen der ek net. Ik run it kantoar yn fan Ian de Deck officer, mar hy wie der noch net. De oare officier dy Nederlands is, spruts my yn it engels oan dat hy der oer fiif min wer wie.
Ik fergezelde my wer mei de gespannen gesichtjes op de gang. De beide jongens fertelden my dat se nij wienen en juster gewoan oan it wurk wienen en gjin tiid foar de drill hienen. Oh en der kaam it famke fan de strings binnen rinnen, sy spilet de fiool yn san stringkwartet. En sy hie foarige wike tafallich ek noch it skip gewoan mist yn Gibraltar!! Sy moest fanof gibraltar fleane nei Lissabon, de folgende haven wer wy oan soenen meare. Se hat in soart massel han, want in hele soart wurde gewoan untslein at je dat oerkomt. Sy mocht lokkich gewoan blowe, mar no seach ik har dus wer. Ik tocht dy kreit in probleem omdat se no alwer iets mis dient hat. Mar se hie har swemvest yn de hannen wat in bytsje fremd wie. Ik frege it russische famke, no ja frou werom sy der net wie. Se liet my har swemfest sjen en der stun nummer raft 14 op. Juster wienen alle drills west foar de uneven getallen, sa as numer 13 wer ik dan under fal. Se hienen har dus ten unrjochte beskuldige fan net op komme dagen. Ah der kaam Ian oan.
Lyts mantsje, tikkeltsje arrogant grutte eagen en in gigantisch skots accent. Hy woe even grappich dwan en die us nei hoe we der yn de gang stunen te wachtsjen. Tsjin de muorre leunend yn it smalle gankje. Ik forceerde in glimlach en sei goodmorning, myn sin wie ek best wol ' good' mat ik tajaan. De earste mocht binnen komme, we wienen undertusken mei in groep fan 7 minsken.
It bange indonesische jonkje mocht earst. Ik koe wol hearre dat dr in hele preek kryg, want it duorre wol 10 min foardat der wer buten kaam. Hy seach wol opluchten toen der der utkaam. Hy fertelde dat der op in oare drill oanwesich wese moest at we yn lanzarote wienen ofsa. Ik begon al in bytsje te balen, want dat kaam my eins net sa best ut. Ik mat dan namelijk op excursie, want der ha we hielendal gjin beeldmateriaal fan.
Ik mocht as tredde en stapte it kantoor binnen. Opnij sei ik goodmoring en Ian sei friendelijk goodmorning werom en sei dat ik wol mocht sitten gean. Ah noflik bureau stoeltsje. Ik plofte del en begon fuort mei de wurden ' to be perfectly honest....' Ik wist dat je by sulke mannen noait mei stomme smoeskes oankomme matte, want se meie graach hun gelyk krije. ' to be perfectly honest, I did not check the drill scedule'. I know its my own fault, but before we had a very nice manager who put it ons our daily scedule every day, so I never forget. Since Rotterdam we have a new manager and he is also nice, but he has a different way and doesnt remind us to our safety drills. Ik seach dat Ian al ut myn han ite toen ik de sin 'to be perfectly honest sei en dat it myn eigen skuld wie. Hy wie even stil en sei dat it inderdaad myn eigen ferantwurdelijkheid wie. Ik sei dat der hielendal gelyk hie.. Wer seach ik him tevreden sjen op it antwurd wat ik sakrek joech. Op ien oft oare manier die dit my ferskrikkelijk folle tinken oan de middelbare skoalle. At je dan wat utfretten hienen koenen je mar begjinne mei it de sin. Jo ha hielendal lyk, ik hie noait etc etc. Dan sjochst dat se opiens hun earen spitse omdat se fan in puber ferwachtsje dat je yn de ferdedeging gean. En sadra se lusterje, kin je se utlisse werom dast dien hast wast dien hast. EN faak lukt it dan om der mei in warskoging fanof te kommen. En ja hear, sa as ik dat sa op de mavo dien hie, sa die ikdat no ek. Dan dat gong suver moai. Ik voegde der noch even oan ta dat ik noch net hearder in drill mist hie. En hy sei dat der dat inderdaad sjen koe. Hy foegde der noch oan ta dat ik it skema yn de gaten moest halde en dat ik de folgende keer mar wer gewoan oanwesich moest wese. Ik fjilde in lyts overwinninkje yn my opkommen, mar liet fansels niks merke oan him. Ik gong stean en bedankte him. De oaren yn de gang fregen my hoe it wie gong. Krek as of ik krek in auditie han hie by idols en myn conculegas buten op my stunen te wachtsjen hoe it gong wie
Ik sei dat der niks oan de han wie en joech hun noch de tip om mar gewoan excuus oan te bieden. Ik wit dat Ian soms wol dat je dan noch op komme draven foar firedrill of iets dergelijks, of zelfs dus in PIN. Asep hat der namelijk wol ien omdat hy der in kear net by wie by in drill.
No al by al is it dus wer goed ofrun. Hjoed bin we op tenerife, bytsje bale dat wy op IPM sitte. In Port Manning, hald yn dat der twa minsken ut us team oan board matte bluiwe. Spencer en Polona myn collegas bin hjoed dus frij. Moarn meie ik en Asep fan board. Helaas ha wy dus net de nacht frij, sa as Spencer en Polona dus jun wol ha. Ik hearde dat Eddy dy art manager is jun ergens in feest hald op it eilan. Hy wie froeger DJ op tenerife en hat hjir wenne. Dus dat is wol wer knap bale dat wy der net of kinne om nei dit feest te gean. Noja, je kinne net alles ha tink ik dan mar wer. Tenerife is wol in ferekt keal eilan trouwens! Sa leit Madeira mar 500 km fanof tenerife, mar sa grien at dat is yn fergelyking mei tenerife. Dit bin gewoan in pear droege keale sanbulten dy utsteige boppe de sted. Asep en ik gongen fanmiddei even op it dek stean om te sjen hoe it der ut seach. Fun it al net sa erg mear dat ik op IPM siet dizze dei. We runen oer de tenniscourt fan it skip. It like my wol even leuk om in potsje te tennisjen. Nei in ketier yn de branende sinne en 50 kear de bal ophelje en oprape hienen we it beide ek wol aardich besjoen. Asep joech ta, krek as my eins noch noait tennist te ha. haha. Ja badminton, dat wie neffens him ek folle sneller hihi.... Sil wol iets aziatisch wese.
Dernei ha ik it hier even fan Asep knipt, wie in skoft lyn dat ik ien syn hier knipt hie. Normaal die ik myn heit syn hier wol s, en dat gong altyd wol knap. Asep gong op de toilet pot sitten yn de douche sadat ik him koe knippe. Ik begon aardich fanatiek oan de achterkant te knippen, iets te fanatiek foar myn smaak. Mar lokkich koe ik it letter aardich bywurkje en hat der wer in kreas kopke wat goed foar de dei komme kin. Knipte m al per ungeluk in hiel lyts bytsje yn it fel. We moesten beide leitsje want lokkich seach ik it krek op tiid sadat ik net troch knipte.
Asep gong stean en wie suver bliid ferrast mei it resultaat, hy hie leau ik net ferwachte dat ik it ek noch echt koe. Normaal lit der it hier knippe by de 'Barber' dy op deck B foar eigen doeleinen hier knipt by it personeel foar 5 dollar.
Asep komt no krek binnen en sit nei myn beeldskerm te sjen. Hy wol witte fansels wer ik it oer ha, omdat der syn namme sjocht. No ik ha leau ik in hiel ferhaal undertusken en sil even om pauze hjir. Sit namelijk yn de gallery mei myn laptop, wat oarspronkelijk net mocht fan George. Mar dy is der net mear en Spencer sit lekker op it eilan te genieten, dus kin it moai sa even. oant letter mar wer!!

  • 24 Oktober 2012 - 10:25

    Annie:

    Moai ferhaal Mats! Al wurken smoeskes op'e mavo by Bouma soms ek wol! :P

  • 24 Oktober 2012 - 10:34

    Jorryt:

    Ha, der komst moai onder ùt

  • 24 Oktober 2012 - 19:00

    Mem:

    mooi dien Mats, sa kinne we dei wer

  • 24 Oktober 2012 - 19:00

    Mem:

    mooi dien Mats, sa kinne we dei wer

  • 24 Oktober 2012 - 19:00

    Mem:

    mooi dien Mats, sa kinne we dei wer

  • 24 Oktober 2012 - 19:00

    Mem:

    mooi dien Mats, sa kinne we dei wer

  • 24 Oktober 2012 - 19:26

    Sietske Heeg:

    Hee Matsen

    Wat wer in prachtich ferhaal! Ik sjoch it hielendal foar my hoe as't do der stie'st en dyn ferhaal dochst by "de skoalmaster" Mar hast hielendal gelyk. Jo moatte no ienkear wat mei sok soarte minsken ompaaie en hun hjir en der in fear yn de kont stekke! Perfoast net benaud wéze dat fiele se haarskerp oan en as se wolle ,kinne se der wer misbrûk fan meitsje.

    Goed dien Martsen! Wat belibbest en learst in soad ...Allinne de taal al en it omgean mei al dy ferskillende minsken en culturen! Noch in soad wille en succes mei alles! TOP!

    Groetnis Sietske (ek fan Herman) Hoiiii.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Portugal, Lissabon

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 302
Totaal aantal bezoekers 32717

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: