Even op de hichte stelle - Reisverslag uit Terhorne, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu Even op de hichte stelle - Reisverslag uit Terhorne, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

Even op de hichte stelle

Door: Rian

Blijf op de hoogte en volg Martsen

19 Maart 2009 | Nederland, Terhorne

Ik tocht mar wer s even in stikje skriuwe.. Al wer in skofke lyn he foar jim!
No sa at ik al fernaam hie is Anja te plak nei 35 oeren reizjen. Pff mat der even net oan tinke, hielendal allinich yn san fleantuch en op fremde airports. Mar ik tink dat ik it der toch ek echt wol foar oer hie! Want wat fijn siz at je der ien kear binne! Nim ik teminste oan..
Wist wat it rare is, ik ha it idee dat doe annie nei zambia wie, dat se folle langer fuort wie. Dat slaat nergens op tink ik, mar de tiid giet no foller sneller en jim misse qua wykein dingen ek net sa ferekte folle.
Dus dat is allinich mar goed nijs foar jim en ek foar my, want dat besjut dat jim nei myn gevoel ek al hast wer thus komme. Ha wol wer sin yn de freet te junen by my thus foar sitte en dan nei de kroech. Dat is toch altyd wol hiel gezellich.. En dan sneon te juns op stap yn twa gemeenten en aansten wer nei de tintfeesten, want dat is toch ek wol hiel erg gezellich.
Mei my giet trouwens fjirder alles prima, de tiid is nei myn idee yn myn gehele libben noch noait sa snel foarby flein. Ik ha it smoordrok op it wurk (no even wat minder) en mandei wer oan de slach foar Linkekstra.
De earste oflevering is al hast! 27 maart komt it der op, mar ik sil m ek ff bane op dvd, kenne jim m ek noch ff besjen.
Wit it net seker, mar ken best weze dat ik ek noch ff yn bield bin haha.
Mar bin bly dat no earst de earste oflevering alles foar filme is en dat freddy de regiseur no oan it monteren is. Dan ha ik it eventjes rustiger en ken ik oan de slach foar myn adviesrapport, wat ek noch net sa best fan de grun wol ofkomme. Ach ja, it is ek net myn grutste hobby om adviesrapporten te meitsjen, wylst ik ek mei opnames mei ken of oare leuke dingen ken dwan. Dan is it wol s lestich om tiid foar jezelf te nimmen en om der mei bezich te gean.
Mar klear matte we it ek noch ff oer it wykein ha??? Hahah
Ik hearde fan LA dat Annie telkens mear begon te fregjen wat der allegear yn it wykein wie bat. Der moest ik wol ff om gnieze en us Luts sjocht it hielendal noch net sitten om nei hus ta! Dat is wol iets wat ik eins krek oars om hie ferwachte! Haha
No ja ik bin blyd dat it allegear sa moai is en dat Anja hielhuids is oankaam en dat jim it de leste wiken der noch ff fan nimme. Ik bin sneon ff yn joure west, ha by Ilse op de bank slept. Foel my neat of! Want ik hie foariche wyke op in lek luchtbed lein by jel, mar dat wie net echt in succes. Dus no dat ik op in sacht iets lei en ek noch lekker warm, wie dat al even in ferskil. No wie eins myn planning om sneon gewoan thus te sliepen, mar jel hat al oanbean om by har te sliepen. Mat dus noch ff sjen wat ik doch, want oare dei wer ferekte betiid yn terherne om te roeien. At teminste dan myn rib wer oer is! Want ik wie fannemoarn ff oan it dweiljen en kryg ik opiens lest fan myn ribben! Hiel appart, neffens my ha ik m kneust, snap allinich hielendal net hoe dat no wer ken!
Mar dat terzake, sneon dus ff nei pig meat, der ha ik opzich wol ff sin yn. Hoe lyket it der by jim, gean jim wol s even op stap der? Of is der der net folle oan?
No ik sil hjir wer ff fjirder.. wit noch net sa goed mei wat, want dat adviesrapport lokket my noch steeds net sa bot.
Hee we’ll keep in touch!

Tut,
Mats


  • 19 Maart 2009 - 14:36

    Jehanne:

    Hey Martsen! Knap hear om in rib te kniezen by it dweiljen;-)! Dat kin ek net elkenien! Us jeugd giet ek nei Pig Meat. Groeten thús(ik ha alwer foar de tichte doar stien;-(.

  • 19 Maart 2009 - 17:23

    Mats:

    No kneust is it tink ik ek net. Want dat skynt hiel pynlik te wezen haha. En dit is wol te dwan. Mar ik fernaam it pas by it dweiljen. Ik ha fast ferkeard lein fannacht ofsa. Ik hie tafallich atty krek in smske stjoerd at sei der ek hinne gongen. Mar ja dus! Ken miskien wol even mei hun mei, oars mak allinich fanut terherne.

  • 20 Maart 2009 - 09:24

    Annie:

    En hoe is it no mei dyn foet, is dy al hielendal wer opknapt??
    It falt noch mei mei my hear, ik wol ek noch net nei hus :P, we wolle hjir noch safolle sjen de leste wiken, dat de tiid fleant hieltyd hurder foarby! Mar bin wol bliid dat ik mei de moaie feestjes (behalve Pigmeat dan) wer thus bin! :D

    No de groeten!
    Tut Annie

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 255
Totaal aantal bezoekers 32745

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: