Ff yn it kwat - Reisverslag uit Terhorne, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu Ff yn it kwat - Reisverslag uit Terhorne, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

Ff yn it kwat

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

17 Februari 2009 | Nederland, Terhorne

Sa no ik tocht lit ik der wer s wat nijs opsette!
Hoe is it mei jim froulju? Ik ha it fermoeden dat jim it noch steeds hiel bot nei it sin ha en der bin ik fansels bliid mei!
Ik ha it ek hiel erg nei myn sin by de Omrop, wat in ferskil mei die oare stomme stage!
Toen tocht ik echt wol s leit it no oan my, mar ik merk no wol dat it gewoan dei en nacht ferskil is mei jir. Folle better!!!
Ofrune wykein wer opnames han foar studio F, wie wer erg gezellich. We hienen tot healwei 2en opnames yn it bosk (snachts). Dat wie wol hartstikke moai! Bin beneid hoe de beelden binne wurden, mar ik ha der wol fotos fan. Die sil ik jir sa ek ff opsette.
Fjirder ha ik it wykein net safolle dien, ja eindeljik wer s efkes yn de kroech sjoen!
Ilse en ik ha der ff koekeloert en it wie best wol leuk! Jelmer, Reitse en Ernst kwamen efkes by us sitten. Dus it wie ek al gau healwei 3en!
Best genoch tocht ik sa foar in freettejun yn terherne.
Sneon hienen we jirdei fan Jeltje, we soenen dernei earst noch ff op stap, mar dat is wer niks wurden. Oankommende sneon ha we fergadering fan frouljus team yn it far en dernei sille we ff by us bouke sjen. Want die hat in apres ski party, dus ik bin beneid!
Wol wer efkes gezellich tocht ik sa..
Wat ha ik fjirder noch te melden… poeh net iens san soart dit kear.
De sloep gean we sneon wer ff mei oan de slag dan ken dy der aansten wer yn! It is no noch wol in bietsje kald om te roeien, hopelijk wurd it gau wer moai waar! En gjin vieze rein bleeeeeh!
No ik sil mar wer, ha fjirder net san soart.
We hearre yn kwarten wol wer!

  • 19 Februari 2009 - 06:02

    Martsen:

    Hoi Lieuwe

  • 19 Februari 2009 - 21:13

    Annie:

    Hee Mats wat leuk! Haha op skoalle sieten we altyd nei dy ofleveringen fan Studio F te sjen, en no makkest do dy gewoan mei!
    Echt super dat dizze staazje sa folle better is as de foarige, dat motifearret sa folle mear!
    Dus it is mar in restige boel mei de stapperij! Mar dat helje we wol wer yn fan't simmer!

    No de groeten!!
    X Annie

  • 19 Februari 2009 - 23:06

    Luts:

    Matsieeeee!

    Wat leuk fan dyn staazje! Op de foto's kinst wol sjen dat it gesellich is :D Haha! Do moast der mar in soad leare en goed dyn best dwaan, miskien kinst der in baantsje ut slepe :P

    Mei us giet it best! De tiid giet sa hurd! We woene juster de heli-hike dwaan op de gletsjer fan Frans Jozef, mar die is al twa kear oflast troch it waar (komt nochal krekt). Mar we ha beslutten om krekt sa lang te bliuwen totdat it trochgiet. We binne hjir no! :)

    Folle plesier noch mei de staazje. Oare wyke binne we al op'e helte! Net normaal! Foardast it wist binne we wer thús en wurdst alwer wurch fan ús :P .

    Dikke tút!

    Lutske

  • 19 Februari 2009 - 23:08

    Luts:

    Trouwens, it is wol wat in sneu blauw autootsje :P

    Hahaha

  • 21 Februari 2009 - 09:43

    Sietske:

    Hoi Matsen
    Ik wie benijd hoe as it mei dyn staazje by Omrop Fryslan giet.(Ja oars hearde ik fan Lutske wol gauris wat mar dy is no te fier fuort)Prachtich dast it sa nei dyn sin hast.En wa wit komt d'r noch wat achterwei.En wat in autoootsje!!!!!
    Moai no.
    Hoi succes fierder
    Groetnis Sietske

  • 21 Februari 2009 - 18:01

    Jehanne:

    Hoi Martsen, freedtejûn ha we al hawn, mar meitsje der in moai wikein fan :)!
    En dochst de groeten oan jim heit en mem?
    Gr. Jehanne

  • 01 Maart 2009 - 13:47

    Jehanne:

    Dus in seare foet, martsen, mar net wer mei de mannen fuotbalje;0, fierders in goede fergadering hân?

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 225
Totaal aantal bezoekers 32743

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: