Advysrapport helle en gelyks earste dei by Omrop F - Reisverslag uit Terhorne, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu Advysrapport helle en gelyks earste dei by Omrop F - Reisverslag uit Terhorne, Nederland van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

Advysrapport helle en gelyks earste dei by Omrop F

Door: Martsen

Blijf op de hoogte en volg Martsen

23 Januari 2009 | Nederland, Terhorne

Advysrapport helle en gelyks earste dei by de Omrop

Ik siet eins toch wol in bietsje yn de stres mei myn advysrapport, want ja as ik him net helle dan koe ik earst myn stage wol ferjitte. En der siet ik fansels net op te wachtsjen!
Tongersdei wie dan ek de dei.. Ik soe dy moarns nei Omrop Fryslân foar in fergadering foar Studio F (in programma foar basisskoalle bern).
Echt hiel leuk om der s in kear by te sitten. Frerik smink (sybe satteliet) is regisseur en dy hie in skript skriuwen. Disse gean je ferfolgens per scène langs om te sjen wat foar benodigheden der by hearre. It gong oer in achterfolging dus ik tocht de boef mat san kessensloop ha, foar it stêlen guod.
Dat fûn Frerik in goeie!
Ûndertusken siet ik sa no en dan is at it it taliet op myn tillefoan te sjen…
Hmm noch niks fan Jetske heart. Sij soe my op de hichte hâlde oer it sifer wat se bekend soenen meitsje op ynternet. Nei dat de fergadering wie ôfrûn seach ik dat ik belle wie troch Jetske.. Ik tocht dit is foute boel!! Want ik hie har frege om my gewoan te smsen. Dus ikke belje, mar it gong oer heeeeel wat oars. Skrok my dea, it wie noch net yn har opkaam om it sifer op te sykjen.. Se gong gelyk foar my sjen, mar der stoen noch steeds gjin sifer op.
Dernei wer troch nei it wurk, folgende fergadering foar linkk stûn op de planning. Dit gong lekker flot. Want der ha we snein opnames foar, wer ik dan ek by oanwêzich mei wêze. De regisseur frege my of ik de trailerstikjes út woe sykje foar oankommende ôflevering fan Linkk. Disse soe dan snein op tillevyzjes komme. Dit moest yn 30 minuten efkes makke wurden. Mar it programma is ek al dik 20 minuten, dus dat moest efkes rap.
Mar it is slagge, dus hoop dat it moai is wurden. Ik hie no efkes gjin tiid om op myn tillefoan te sjen. Nei dat dit klear wie toch wer efkes sjen. Ja!!! In sms!
‘ Je hebt een 6’ dat wie it smske wat ik krych. Hielendal blij fansels!
En toen wie myn dei foar OF ek wer foarby, want ik moest noch ffkes nei skoalle om myn foto’s te presintearen. Se fûnen se moai, it sifer mat ik noch ff ôfwachtsje dus. Bin wol benijd!
No dizze snein dus opnames en dan ken jim gelyk ek hearre hoe de rest fan ús wykein wie.

Dikke tút

  • 23 Januari 2009 - 17:45

    Jehanne:

    Hartstikke moai, man.:) En wat is in trailerstikje?
    Groeten Jehanne

  • 23 Januari 2009 - 22:05

    Mats:

    Se nimme it ek wol in Preview, in soart foarstikje fan in programma. Sadat it minsken lokket om it daadwerkelijk te sjen.
    Promotiefilmke fan dy oflevering sis mar.
    Ja bin erg wiis mei myn nije stage!

  • 27 Januari 2009 - 13:15

    Jehanne:

    Sietske wit no jim adres ek:p

  • 27 Januari 2009 - 17:54

    Sietske:

    Hoi Matsen
    Ik wie fannemiddei by Jehanne.Do snapst wol wy moatte op syn tiid ek efkes byprate oer de froulje dy't safier fuort binne.Fannemoarn efkes belle nei Nij Seelan.Wat hartstikke moai dast no sa'n moaie stage hast by omrop Fryslan.En wat geweldich fan dy 6.As d'r ris wat fan dy te sjen is op de t.v.op wat foar manier dan ek,litit dan efkes witte.Hoi veel plezier mei alles
    Sietske

  • 28 Januari 2009 - 06:24

    Annie En Luts:

    Nou Mats, dat wie wer op in rantsje fansels :P We hiene ek net oars tocht :) Mar we binne hiel bliid dast it helle hast! En sa't we leze kinne, lyket dyn staazje super! Sukses Matsie!

    Tut

  • 28 Januari 2009 - 12:31

    Jehanne:

    No ferwachtsje wy wer wat fan dy:) mei ek nei de playbackshow.:p
    Ik hie Sietske de smilies ek leard, mar se snapt se seker net;)gr. Jehanne

  • 30 Januari 2009 - 12:24

    Mats:

    Foar Sietske..

    Jehanne frege my of ik no ek woe utlizze oan Sietske hoe dat wurket mei dy smiles.
    No dat wurket sa:

    Bijvoorbeeld een lachend popke.. Dan kest ek gewoan dit yntype:
    :)
    Dan wurdt it automatisch een smilie. Kest ek ien dwan mei de tonge ut de mule. Dan typst:

    :p

    Sa binne dr noch oaren.
    Boas:

    :@

    Leitsje:

    :D

    No dat wienen de belangryksten!

    Sukses!

    Mats

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 323
Totaal aantal bezoekers 32746

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: