azie - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu azie - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

azie

Blijf op de hoogte en volg Martsen

09 Februari 2013 | Portugal, Lissabon

Azie reis

90 dagen, dat is de duur fan de cruise wer ik momenteel op sit. Der binne dus echt passagiers dy de tiid en it jilt ha om san cruise te veroorloven. En dan tink je op syn minst dat it wat beskaafde minsken binne. Mar dat hoeft net perse hear! Ik run hjoed oer it iepen dek achter by it swembad. En hear ik yniens san rokerige vrouwlijke stem yn it gebrekkig engels FUCK YOU roppen. En net ien kear, nee wol in stik of 3 keer!
Ik tink wat sil we no krije, dus ik sjoch dy kant op. Sjoch ik ien oft oar hooggeblondeerde vrouw, werfan it hier giel is fan it roken en in jier as 60 in man utskellen. Ik leau net iens dat se der mei trouwt wie ofsa. Mar ik fong iets op dat hij ophalde moest nederlands te praten of wat dan ek. De man siet foar sich ut te staren wylst de frou him ut siet te skellen. Alle minsken seachen der nei, it wie knap genant. Dan tink ik wol s wat foar tokkies ha we hjir eins op it skip. Mar genoch oer de passagiers, want it binne allinich mar alde minsken. Twa jonge jongens fan myn leeftiid en in famke fan 13. Ik sjoch ien fan dy jongens dan ek de hiele dei wat mei de siel under de earm run rinnen. Of sjoch m bij de kaartclub mei dwan, of tafeltennis mei in bejaarde. Earme jongen...
We binne dus 9 jannewaris fertrokken ut Rotterdam, werfan de earste twa wiken knap kald wie! Southampton, Lissabon, Malaga, Tunesie, Malta, Griekenland, Egypte.
De earste fjouwer plakken wie ungelooflijk kald! Tunesie spande noch wol de troan! It reinde en it wie iiskald! Tunesie wie trouwens wol een port wer ik my goed fermakke ha. Wat in knappe minsken! En wat ha ik lake tiidens de tours. Se besykje natuurlijk fanalles oan dy te ferkeapjen en omdat ik de jongste frou wie en ek noch blond kryg ik genoch oandacht. Ik wit net hoefolle huwlijksaanzoeken ik dy dei krigen ha. Mar at je wat mei ouwehoere dan sjoch je ek wol dat se der self de gek ek mei ha.
Tunesie hat ek hiele soart alde ruiines fan de romeinse tiid, erg interessant. En it leit der ek allegear noch goed by. Malta wie ek prachtich! Wer rukwaar, mar je koenen wol sjen dat it echt in moai eilan is en in soart te sjen. Der soe ik best mei wat moaier waar nei werom kinne. Toen gonen we nei Griekenlan en werd it waar eindelijk wat better. Sintsje kaam der wat by en de jas koe sa no en dan wer ut. Want ik hie werkelijkwier de winterjas oan yn al dy oare ports. Navplion en Pireaus bin we west yn Griekenlan.
Navplion is ek prachtig en in moaie omgeving. Yn Pireaus koe ik net op tour dus bin we de sted der yn west. No der werden je no net hiel bliid fan, hie it idee dak yn in twadde wereld sted wie ergens. Smoarch en in soart ferkear en net iens sjocht der ut. Mar ja we leinen der omdat Athene der flakby lizze soe. Mar der hie ik dus gjin tiid foar om hinne te gean. Lokkich komme we de weromreis der wer lans, dus dan kin ik der tink ik wol of foar in tour. Undertusken ha ik altyd wol in moai skema. Oerdei op tour en juns editte.
Dan hoe ik net san soart yn de Gallery te stean, want der fyn ik net folle oan.
Us Manager is net echt in fleurbringer, se is jonger as my mar liket wol in jier as 35. Jongen wer se mei giet is wol in hartstikke aardige jongen. Florin komt krek as Nick ut Roemenie. Kirsty us manager dus ut skotlan, en myn grutte freondin ahum Polona komt ut slovenie. Ik kin it opsich wol aardich mei Kirsty fine, mar se hat wol in soart regeltjes en oare benulligheden wer ik it nut net sa fan yn sjoch. Der giet myn hier dan ek rjocht fan oerein stean en hat eins allinich mar it tsjinoergestelde effect op my. Sa meie we gjin gratis fotos mear fuort jan. Matte we der 5 of 10 dollar foar fregje, leit dan oan de soart foto. Ik fyn dat belachelijk. At dr in foto fan de crew by leit fan ien fan de housekeepers ofsa, dy keapje dy foto toch net. En dan smite wy se seker fuort. No dat fyn ik stom, dus ik jou se mei sin altyd wol gratis mei. En ik frege har of we se wol oan freonen mochten jan. Nee absoluut net sei se. Ik tink daaaagggg, dus ik ha alle minsken dr utsocht dy ik goed kin. En ha se dy juns fuort jun yn de kroech haha. Wat in flauwekul, at dy fotos dr toch binne en sy helje se toch net op. Ik fyn it sonde om se dan yn de bak lisse te litten en dan nei in skoft fuort te gooien. Rommet dy bak ek s wat op.
En we meie op tours ofsa ek gjin fotos meitsje mei de cameras fan minsken. Bijv we stean foar in cathedraalen in frou freget my of ik in foto fan har kin meitsje. Dan mat ik nee sizze. No dat doch ik dus ek net, want dan is dr heus wol in oaren ien dy as noch dy foto makket. Ik snap wol dat dr in gedachte gang achter sit, mar ik bin it dr gewoan net mei iens. Selfde mei crew, der meie we ek gjin fotos foar meitsje. It mat allegear betelle wurde. Belachelijk, no ja klear. Egypte, der bin we ek noch west, Luxor bin ik hinne west. Twa gigantisch alde tempels sjoen. Wie wol leuk en heerlijk waar.
Troch it Suez kanaal, dat wie k wol leuk om te sjen. En foaral dat we underweis yn convooi gongen varen foar de piraterij. EN juns wie it hiele skip donker fan de buten kant. Alle gedynen moesten ticht en de butenferjochting wie ut. Sa moai en rustich is it buten oars noait sa as no. Prachtich, foaral doe de folle moanne skynde. We ha underweis lokkich gjin piraten troffen. En foardat we it wisten wienen we nei 6 seedagen yn Dubai.

Wordt vervolgt.

  • 09 Februari 2013 - 15:19

    Saskia:

    Ha matsen.,
    Moai om wer hwat fan dy te hearen. Do hast dochs mar in hiele moaie baan. Safolle sjen en meimeitsje. Noch mar in protte wille.

  • 11 Februari 2013 - 12:57

    Annie:

    Heey Mats!

    Leuk wer wat fan dy te lezen!
    Oh, dus it kin yn dy lannen ek wol kald weze! Lekker dat it no wer moaier waar is.
    Hjir leit noch snie.
    En moai dat de piraten jim farre litten hawwe!

    Goeie reis noch!

    xx

  • 10 April 2013 - 13:20

    Yvon:

    Hallo Martsen,

    Ik heb afgelopen week gesolliciteerd bij Ocean Images, ik heb wat vraagjes die jij waarschijnlijk eerlijker zal beantwoorden als Kirsty.
    Zou je Contact met mij kunnen opnemen?

    MVG Yvonne

  • 11 April 2013 - 14:58

    Martsen:

    Jazeker! Mail me of voeg me anders toe op facebook. Martsenbij@hotmail.com of martsen van der bij zoeken op facebook. Stuur me je vragen maar.:)

  • 09 Juli 2015 - 11:01

    Kristy Morgan:

    We are happy to announce our new "Performance Based SEO Program". We will only charge you when we will get real results for you in search engines. If you don't rank, you don't pay. Please reply to get more details.

  • 05 Oktober 2015 - 09:09

    Fredrick Parker:

    We can increase rankings of your website in all major search engines at a very affordable price.Email us back to get a full proposal.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Portugal, Lissabon

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 4626
Totaal aantal bezoekers 32716

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: