drugtest - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu drugtest - Reisverslag uit Lissabon, Portugal van Martsen Bij - WaarBenJij.nu

drugtest

Blijf op de hoogte en volg Martsen

31 Oktober 2012 | Portugal, Lissabon

Drugstest

No ja it wurd seit it uteins al no 'drugstest'. De saneamde test wurd sa no en dan holden op it skip under de bemanning. Om earlik te wesen tocht ik al hast in bytsje dat it in fabeltsje wie, om us bang te meitsjen ofsa. Tiidens san drugstest wurdst dus op drugs testen sawol op alcohol. Dat earste is net san probleem, mar alcohol wol noch wol s gebeure. We ha in oantal security trainingen han wer se it dan ek wer even nimme. Op dit skip wurd maandelijks in drugstest utfiert. Je wurde dan in heal oerke fan te foarren yn skakele om op te komme draven by de infermary, wat in moai wurdt is foar de dokterswacht. Ik hie der al dy viif moanne noch mar 1 persoan oer heart dy san test undergean matten hie. Mei alcohol meist 0.4 ofsa ha leau ik, dat is net sa ferekte folle at je de jun derfoar aardich trochhelle ha. It is alwer twa dagen lyn doe opiens myn tillefoan gong om 20 foar alven. Ik wie al wekker want ik moest om 11 oere begjinne yn de gallery. Ik tocht it nije famke sil wol wer iets net fine kinne ofsa. Mar se belle mei in oare reden. De security hie har belle om my te litte witten dat ik oer twintig minuten dus by de dokter wese moest om myn urine te litte testen. Nojaaaa sis! Ik fyn it wol san ferskrikkelijke flauwe kul. At je no as persoan verdacht oerkomme qua drugs of alcohol ok, mar dat is net it gefal. En der sil mar krek ien de dei der foar is in kear in feestje han ha fan ien. It is gewoan in bytsje in gemene bedoeling. Want se witte allegear dat wanneear der in crewparty is, dat alle crew de oare dei net slagje soe foar de test. Want it drinken is dan gratis, want oanbean wurd troch it skip self notabene! Hiel krom ast it my fregest! Mar klear, ik klaaide my om bytsje mear obstenaat dan ik krek noch wie. Want hoe langer ik der oer nei tocht, hoe stommer ik it fun. Mar klear je ha gjin keuze, nadeel wie wol dat ik echt hiel nodich nei de wc moest en it net mear ophalde koe oant 11 oere. Precies om 11 oere stun ik douchet en wol klear yn de wachtkeamer by de dokter. Der wienen noch 2 oare gegadigden die dizze moarn ek opropt wienen. Werunder 1 jongen dy ik juster noch yn de kroech sjoen hie. In Ierse jonge,no ja je witte wol hoe dy kinne wese qua superij. Ik hie de jun derfoar 3 drankjes han, en it stomme wie, ik fjilde my suver noch oansjitten. Dus ik wie suver ek noch wat benauwd. Hoewol ik wol rom optiid nei bed wie gong, fjilde ik my dochs wat benauwd. Ik hie dy Ierse jongen noch folle mear drinken sjoen, dus ik wie noch mear benauwd foar syn resultaat. Och Fauzi kaam ek noch binnen, de barjongen fan us kroech. Wat in flauwekul dat dy ek san test mat dwan tocht ik by myself mar klear. De security man kaam binnen en seach tevreden dat we alle fjouwer rom op tiid wienen. De suster wie der klear foar en de security man fan yn de 60 al mei amerikaans accent sei dat ik earst wol mocht. It lei op it puntsje fan myn tong dat ik eins krek pisse hie en no net sa hurd wer koe. Mar ik slikte myn wurden dochs mar wer yn, aangezien it mear as in bevel oerkwam as in fraach. Ik run nei binnen en de suster wie blykbar ek amerikaans. Hello lov, if you can put your urine sample in here. Se joech my it sterilliseerde potsje en brocht my nei de wc. De oare trije jongens seachen my ferfolgens wer yn de gang rinnen richting de wc, dy wer oanslute mei de wachtkeamer. No der sit je dan... Ik woe ek net ferdacht oerkomme troch tiiden op it huske te sitten der. Lokkich hienen se it huske wol even keurig skjin makke foar ik kaam. De kop der mar foar tocht ik. Mar natuurlijk koe ik net pisje, want derneist hie ik miende ik ek noch in blaasuntsteking under de leden. Drink hjir fjisten te min wetter op it skip, it is net krek sa as thus dat je oeral mar wetter ut de kraan drinke. Altyd dy ferekte flessen. Undertussen siet ik noch nei myn potsje te sjen. Der gebeurde niks.... Ik tink ja, dan mat ik toch mar hiel hurd perse miskyn komt der dan in flutsje ut. hahaha.... En ja hear it ful my neat of. Ik hie net griemt en makke fansels foar de sekerhyd it potsje dochs noch ff skjin. Ik kaam wer buten mei myn potsje urine en run werom nei de suster. Ik mocht m der wol delsette.
Ik run fuort doe ik ieniens tocht oan myn blaasuntsteking en it no better fuort ek mar even teste koe. Mar ik tink wacht noch mar even. Ik gong op in oar plak sitten as doe ik binnen kaam. De alde security man kaam binnen en even seach ik iets fan lichte paniek yn syn eagen. Hy frege de oaren wer ik bleaun wie! Wie wol dudelijk dat de man hast oan pensioen ta wie, want ik siet der gewoan fansels op de stoel. Dus ik sei tsjin m op in sarcastistische toan dat ik inderdaad hiel hurd fuort draaft wie. Hy krieerde in flauw glimlachje op syn gesicht, of it no echt wie of net, it ful my net of dat der in ieder gefal de moeite die om te leitsjen. De Ierse jongen wie undertussen oan de beurt en seach dat der al wat switdruppeltsjes op de kop hie. Ik hearde de security en de suster iets murmeljen yn de keamer dernest wer myn urine stun te wachtsjen foar utslach. Ik ferstun dat se it oer my hienen. Ik moest wer nei binnen komme. O, tocht ik by myself, hoe dat sa? Ik kaam wer binnen en de dokter dy der dizze kear by kaam wie frege of ik even blaze woe. No fansels fanke tocht ik by myself. De ultime test tocht ik by myself. Ik blaasde yn dat ding oant de twadde bliepke. En it like in eeuwigheid doe se op it apparaatsje seach. It is krek as op san digitale weegskaal. Earst dan knippert der in oantal kearen op 0 en dan jout der ferfolgens it oantal kilos oan. It ding knippere mar en knippere mar. Ik frege undertusken wat ik precies ha mocht, wit allinich helemaal net mear wat har antwurd wie. 0,00! Dat wie hartstikke best! Better kin it net tocht ik by myself. Ik mocht wer sitten gean. Undertusken sieten we der ek al 3 ketier en de security man wie suver wat ungeduldig. Hy sei dat de earste test oernei dien wurde moest, dat wie myn urine fansels. En de earste test kaam wer werom fan de Ierse jongen, it wie negatief. Hy mocht fuort.. Ik hie undertusken de suster toch noch even frege at se myn urine ek noch even nei sjen woe foar blaasontsteking. Ofcorse Lov, wie har antwurd.
Ik tochtby myself dat ik harstikke moai, want oars wachtsje ik der wer tiiden mei, my kennende. Suster kaam uteindelijk wer opnij ut de keamer, dit kear mei myn resultaten. En ja hear, ik wie ek ' clean' . Doch noch bliid net sasear ferrast mei de utkomst die ik in lyts hupske. En bedankte de security, sunder enkel goeie reden. En hy bedankte my ferfolgens ek wer. Suster sei al dat ik foar de blaas al werom moest komme, want dat bleek dochs in untstekking te wesen. No ja, in gelok by in ongelok tocht ik by myself. Ik kryg wat antibiotica mei en hupsakee ik kin wer moai wat moannen foarut foar dat se my wer checke. En kin aansten wer normaal pisje!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Portugal, Lissabon

Martsen

Hoi Freon, Ast it leuk fynst om myn ferhalen te folgjen, dan meist myn reisferslagen fansels folgje. En oars sjochst mar even:) Tut Mats

Actief sinds 13 Jan. 2009
Verslag gelezen: 567
Totaal aantal bezoekers 32715

Voorgaande reizen:

16 Juni 2012 - 16 Februari 2013

MS Rotterdam cruiseskip

14 Januari 2008 - 29 Januari 2010

Mijn eerste reis

05 Oktober 2009 - 29 Oktober 2009

Martsen meets thailand

Landen bezocht: